Mei It Fryske Gea firtueel op ’en paad

juny 25, 2020 08:10

As alternatyf foar groepsekskurzjes biedt It Fryske Gea dizze simmer livestream-ekskurzjes oan. De earste is kommende snein 28 juny om 14 oere út it Easterskar wei. Direkteur Henk de Vries, dy’t dat natuergebiet troch en troch ken, is dan de gids: “Elkenien sil it mei my iens wêze dat de natuer yn dizze tiden noch wichtiger wurden is. Neist wat te fertellen en sjen te litten yn ús natuergebieten bringt It Fryske Gea, mei dizze online-ekskursjes, ek wat ferdivedaasje en wille thús. Ik haw der sin oan om natuerleafhawwers út hiel Fryslân mei te nimmen nei it moaie Easterskar en bin bliid dat wy dat oan in grutte groep sjen litte kinne. Nei snein jou ik it stokje wol troch oan ien fan ús échte gidsen!”

Sûnt it sluten fan de besikerssintra fanwegen de koroanamaatregels, koene de ekskurzjelieders der net mear op út. De natuer en it meidwaan oan aktiviteiten fan It Fryske Gea soene de minsken oars krekt dat jaan kinne wat se no misse moatte. Dêrom dat de natuerorganisaasje it roer no omsmyt en syn natueredukaasje-aktiviteiten online oanbiedt, mei as trije basiseleminten: in natuerlik dekôr, in livestream en entûsjaste frijwilligers, dy’t harren weardefolle kennis graach oerbringe.

Yn it fjild werom – regelrjocht de húskeamer yn
Frijwilligers Riemer van der Lei, Klaas van der Wolf, Betty Kooistra en Tinus Boomstra nimme nei de earste livestreamekskurzje it stokje oer. Minsken troch middel fan in kamera oansprekke is nij foar harren, mar yn de fertroude ‘Fryske natuer’ doarre se it wol oan. In ekskurzje sil 30 oant 45 minuten duorje en sil sawol in edukatyf as rekreatyf karakter hawwe. Troch de tige ôfwikseljende gebieten yn Fryslân sille de ekskurzjes by de dielnimmers grif oan it fakânsjegefoel bydrage.

Programma foar dizze simmer
Der steane fiif livestream-ekskurzjes op it programma. Dy binne bedoeld foar jong en âld. Se wurde yn it Hollânsk brocht. It hiele programma én hoe’t men fergees dielnimme kin is te finen op www.itfryskegea.nl/online-excursies. As der in flinke animo foar bestiet wol It Fryske Gea mei sokke ekskurzjes trochgean.

De earste livestreamekskurzje hat it Easterskar as unyk dekôr. Dat moerasgebiet, ticht by It Hearrenfean, is ien fan Henk de Vries syn persoanlike favoriten. Wêrom’t dat sa is, sil er kommende snein 28 juny fan 14.00 oere ôf út de doeken dwaan.

juny 25, 2020 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.