ME komt fanwegen by antyrasismedemonstraasje

juny 3, 2020 20:08

Foto: Plysje Nederlân

Yn Rotterdam teagen woansdeitemiddei groepkes reboeljemakkers troch de stêd. Hja fernielden dingen en smieten stekken om. De ME is fanwegen kommen.

De groepkes bleaune oer fan in grutte groep dy’t demonstrearre tsjin rasisme. Boargemaster Aboutaleb oardiele dat de groep sa grut wurden wie dat minsken net op ‘e oardel meter faninoar ôf bliuwe koene dy’t de feilichheidsregio foarskriuwt om fersprieding fan it koroanafirus op te kearen. Hy ferbea de demonstraasje om dy reden. Fierwei de measte demonstranten setten doe braaf op hûs oan.

By in demonstraasje yn Amsterdam fan ‘t wykein griep boargemaster Halsema net yn. Dat kaam har op in protte krityk te stean, ûnder oaren fan premier Rutte.

juny 3, 2020 20:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.