LTO Noard: wynmûnepark Noardsee oanslute fia Eemshaven-East

juny 20, 2020 07:57

Slút de wynmûnen op ’e Noardsee fia Eemshaven-East oan op de heechspanningsferbining en lûk de kabel troch fia it haventerrein nei it heechspanningsstasjon. Dat is it stânpunt fan LTO Noard.

Trettjin oerheden yn Grinslân en Fryslân hawwe in advys stjoerd oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. De Eemshaven is de bêste lokaasje om it takomstige wynpark op ’e Noardsee op oanslute te litten.

Ofbylding: LTO Noard

Pleit foar eastrûte
By de Eemshaven binne twa farianten yn byld: ien oan ’e westkant en ien oan ’e eastkant. De lingte fan it lântrasee fan Eemshaven-East is goed acht kilometer en fan Eemshaven-West goed achtentweintich kilometer. LTO Noard pleitet dúdlik foar de eastrûte mei oanlis troch it haventerrein of ûnder de haven troch. Dat trasee hâldt it bêste rekken mei de lânboubelangen; it mijt de heechweardige lânbougrûn mei setierappels, sipels, woartels, biten en nôt.

Risiko op fersâltsjen fan de grûn
“In oar ûnderskiedend kritearium foar de kar fan it trasee is it risiko op fersâltsjen fan de grûn”, neffens foarsitter Lammert Westerhuis fan LTO Noard ôfdieling Het Hogeland. “Dat is no net kwantifisearre yn it ûndersyk fan Tennet. Troch in boarring of iepen ûntgraving feroaret it lykwicht fan sâlt-swiet yn ’e lânbougrûn. Trochdat it risiko fan fersâltsjen yn it ûndersyk ûntbrekt is gjin goede risikoanalyze te meitsjen tusken de farianten Eemshaven-East en -West en dêrom kiest LTO Noard foar it minst beswierlike lântrasee, dus de eastrûte.”

Fia stjoerde boarring
As oanlismetoade pleitet LTO Noard foar in stjoerde boarring yn stee fan in iepen ûntgraving, lykas omskreaun stiet yn it advys oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. “In iepen ûntgraving laat ta gâns mear effekten op de grûnwetterstân en dêrom ta fersâltsjen en úteinlik minder lânbouopbringsten”, stelt Lammert Westerhuis. Dêrneist hat in iepen ûntgraving in fersteurend effekt op it ûndjippe boaiemprofyl, útwetterjen fan bemeallingswetter en skansearring fan drainaazjesystemen.

Te grutte gefolgen foar agraryske struktuer
Eemshaven-West hat te grutte gefolgen foar de agraryske struktuer en de agraryske bedriuwen. “Der is gjin agrariër dy’t belang hat by oanlis fan in liedingtrasee yn lânbougebiet”, seit Westerhuis. Boppedat hâldt Eemshaven-East neffens de provinsje en gemeenten it bêste rekken mei de lokale belangen, de kwetsbere natuer fan it Waad en de lânbou.

Mear ynformaasje
It ministearje fan Ekonomyske Saken hat foar de oansluting fan it wynpark benoarden de Waadeilannen njoggen mooglike kabelrûten ûndersocht. Om in foarkarsrûte fêst te stellen, hat it ministearje de behelle gemeenten, wetterskippen en provinsjes om advys frege. Yn ’e hjerst nimt it ministearje in beslút oer it oanslútpunt en de rûte dêr’t de kabels pleatst wurde. It wynmûnepark yn Noard-Nederlân is goed foar sa’n 700 megawatt. Dat binne likernôch santich oant hûndert wynmûnen. De oanlis moat tusken 2023 en 2026 dien wurde.

Sjoch ek op Net op Zee;
Sjoch ek op rvo.nl.

juny 20, 2020 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.