Lonely Planet makket bysûndere útjefte oer it Waad

juny 28, 2020 08:56

Fan ’e wike falle de earste eksimplaren fan it simmernûmer fan it tydskrift Lonely Planet op ’e doarmatte fan de abonnees. Mei in kadootsje: in Lonely Planet-minytydskrift oer it Waad. De spesjale útjefte is troch it tiim fan Lonely Planet yn nauwe gearwurking mei Visit Wadden makke.

Foto: © XanneVera

Deputearre Avine Fokkens krige al in eksimplaar fan de Waadútjefte útrikt troch Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân. De útjefte is finansierre troch de trije provinsjes Fryslân, Noard-Hollân, Grinslân en it Waadfûns.

Yn it 36 siden tellende tydskrift nimt Lonely Planet jin mei op reis troch it prachtige UNESCO Wrâlderfgoed mei ûnder oare ferhalen oer it Waadgebiet, ynspirearjende kuiertochten en bysûndere wykeintsjes fuort. De noardlike Waadprovinsjes hawwe in protte te bieden: de tsjusterste nachten yn ien fan de Dark Sky-parken, Sense of Place, skildereftige stêden en doarpkes, hearlike strannen om op út te waaien en moaie natuergebieten dêr’t men rêst en romte opsykje kin. It waadrinnen is ek in unike ûnderfining.

Oer Lonely Planet
Lonely Planet is in reismediabedriuw en de grutste reisgidseútjouwer fan de wrâld. It bedriuw publisearret al sûnt 1973 ynspirearjende en betroubere ynformaasje foar alle typen reizger. De ôfrûne fjirtich jier hat Lonely Planet in bysûndere reismienskip opboud en mear as 145 miljoen reisgidsen yn ’e Ingelske taal publisearre.
Mear ynhâld is te finen op lonelyplanet.com: mobyl, yn fideo’s, gidsen, berne-, kofjetafel- en libbensstylboeken, e-boeken, ynternasjonale tydskriften en mear.

Yn Nederlân en België wurdt it moanlikse reistydskrift Lonely Planet magazine troch útjouwerij Pijper Media publisearre.

Oer Visit Wadden
It projekt Visit Wadden beslacht it hiele Waadkustgebiet fan Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân en is yn april 2019 fan start gien mei as doel duorsum toerisme yn it Waadgebiet te stimulearjen. Visit Wadden is in gearwurking tusken de trije noardlike marketingorganisaasjes Marketing Groningen, Merk Fryslân, Holland boven Amsterdam en ûndernimmers en natuer- en erfgoedorganisaasjes.

juny 28, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.