Literêre jongereinpriis ‘De Inktaap’ nei Nina Polak

juny 15, 2020 10:53

Skriuwster Nina Polak hat De Inktaap 2020 wûn. Hja kriget de literêre jongereinpriis foar har roman Gebrek is een groot woord, oer de 22-jierrige sylster Nynke Nauta – alias Skip – dy’t wrakselet mei de konstante twastriid tusken langstme nei frijheid en burgen-wêzen.

Ofbylding: Prometheus

De twadde roman fan Polak (33) “fertsjinnet it om troch in protte eagen leave te wurden”, stelt de skoalsjuery. “In ûnderhâldend boek, troch de ferskate skriuwstilen dy’t Polak brûkt. It ferhaal sil ús bybliuwe en wie foar ús in momint dat wy it idee hiene dat wy net allinnich wiene”, sizze de learlingen.

Fanwege de koroanamaatregels waard de priis net fysyk útrikt. De winner waard yn in podcast bekendmakke. De oare nominearre auteurs wiene Rob van Essen (De goede zoon) en Tommy Wieringa (De heilige Rita).

Learlingen stimme
Learlingen fan 15 oant 19 jier mochten stimme op winners fan de BNG Bank Literatuerpriis en de Bookspot Literatuerpriis. Dit jier brochten 1187 skoalbern harren stim út.

De priis wurdt sûnt 2002 útrikt. Earder gie de eare nei ûnder oare Harry Mulisch, A.F.Th. van der Heijden, Conny Palmen en Murat Isik.

juny 15, 2020 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.