Lida Dykstra bringt lêskoffers op Opsterlânske skoallen

juny 12, 2020 07:25

Alle 22 basisskoallen yn Opsterlân krije besite fan de Berneboeke-ambassadeur. Dat dy gemeente dêr yn Fryslân de primeur mei hat is te tankjen oan de wurkgroep Schrijvers in school. Dy naam út namme fan de VCSO (feriening fan kristlike skoallen yn Opsterlân) en de stichting Comprix (koepel fan iepenbiere skoallen) it inisjatyf. Mei de besite fan ambasadeur Lida Dykstra krije de skoallen fan de gemeente in Lêskoffer.

Lida Dykstra is tige te sprekken oer it inisjatyf. “De skoallen krije allegear in kolleksje moaie Fryske berneboeken en in soad ideeën oer hoe’t dêrmei wurke wurde kin. Ik hoopje dat mear gemeenten yn Fryslân dat foarbyld folgje.”

Kultuercoach fan de gemeente Theo Schlepers sit yn de wurkgroep en is ien fan de oanjeiers. “Sinds 2003 is de werkgroep begonnen met creatieve initiatieven om de leesbeleving in groep 5/6 te stimuleren. Lida komt op het juiste moment, na corona, als ambassadeur het onderwijs verrassen met een Friese impuls tijdens een uitgebreide kinderboekenperiode.”

Lida Dykstra
De skriuwster Lida Dykstra is foar twa jier oansteld as Berneboekeambassadeur (BBA) fan Fryslân. Yn dy funksje hat se de taak om Fryske berneboeken, taal en lêzen te befoarderjen, Frysk taalplezier, lêsplezier en de wurdskat te ferbetterjen. Se sil in fraachbaak wêze foar bern, âlden, learkrêften en oaren dy’t niget hawwe oan Fryske berneliteratuer en taal. Se wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes.

Opsterlân
Tongersdei 11 juny lange Dykstra de lêskoffers oan de wurkgroep oer.

Twadde fan links Lida Dykstra. Foto © Gemeente Opsterlân

Yn har skoalbesiten wurket Dykstra mei de boeken út de lêskoffer, mar yn Opsterlân sil se yn septimber en oktober ek omtinken jaan oan it tema fan de Berneboekewike fan dit jier. Yn de lêskoffer sitte tsien Fryske boeken dy’t Dykstra spesjaal selektearre hat. By alle boeken binne lesbrieven skreaun mei ferwurkingsopdrachten. Dy kinne troch skoallen fergees brûkt wurde.

Oeral mooglik
Skoallen, biblioteken en ynstellingen yn Fryslân kinne fergees in berop dwaan op de BBA en opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur, de Lêskoffer bestelle en fergees de lesbrieven fan www.berneboekeambassadeur.frl helje.

juny 12, 2020 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.