Leonie Brandt, aktrise en spionne

juny 22, 2020 08:56 Fernijd

Yn de tritiger en fjirtiger jierren brûkt Leonie Brandt har akteartalint om in  briljante dûbelspionne te wurden. Sa’t it heart by in spionne is der hast gjin byld- of fotomateriaal fan har te finen. Dochs wit Annette Apon yn de dokumintêre Leonie Actrice en spionne mei in ôfwikseling fan filmfragminten en fiktive sênen it libben fan dy yntrigearjende frou te ferbyldzjen. In film oer ûnwierskynlike aventoeren, dy’t efterôf dochs faak echt bard blieken te wêzen.

Besjoch de trailer.

Leonie Brandt (boarne: NTR/©telefyzjeargyf)

Leonie Brandt-Pütz (1901-1978) groeit as mynwurkersdochter op yn it grinsgebiet mei Dútslân en dreamt derfan om aktrise te wurden. Ien kear yn Amsterdam slagget it har in plak te feroverjen yn de hegere kulturele fermiddens. Dêr begjint se har karriêre as aktrise én, yn 1936, as spionne. Hja spilet de rol fan har libben as Nederlânsk dûbelaginte, operearjend yn nazy-Dútslân, oant se yn 1942 arrestearre wurdt. Nei har deafûnis deportearje de besetters har nei Ravensbrück. Hja oerlibbet it kamp en giet nei de befrijing werom nei Amsterdam.

Yntins iensum en ferfrjemde fan it Amsterdamske libben stoart se har op it wurk fan de opspoaringstsjinst, dêr’t se diel yn útmakket fan it tiim dat Dútske oarlochsmisdiedigers ferheart. Leonie wit in net te ûnttiizjen reach fan yntriizjes en mystearjes te weevjen, en spilet heech spul. Guon promininte Nederlanners binne benaud foar har om wat se wit oer harren dwaan en litten mei de besetting. It geroft giet dat se brisante ynformaasje oer prins Bernhard besit: hy soe Hitler yn 1942 oanbean hawwe steedhâlder fan Nederlân te wurden. Oant fier nei har dea is dat in weromkommend tema yn de media. Oan ’e drank rekke, hat se de lêste jierren fan har libben in swalkjend bestean.

Regisseur Annette Apon (dy’t earder portretten makke oer sterke ûnôfhinklike froulju as Henriette Roland-Holst en Fien de la Mar) is fassinearre troch de krêft en de moed fan Leonie Brandt. Har hanneljen liket ynjûn troch in djipwoartele frijheidsdrang. Dêrtroch hie se it mier oan konvinsjes. Hja gie de fijân domdryst temjitte en bepaalde hiel bewust sels de rin fan har libbenspaad.

Het Uur van de Wolf: Leonie Actrice en spionne
Rezjy: Annette Apon
Produksje: SNG Films – Digna Sinke
Utstjoering: sneon 27 juny 2020, 23.15 oere by de NTR op NPO 2

juny 22, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hans Weijer juny 23, 12:18

    Yn 2003 is fan ‘de hân fan Gerarld Aalders ferskynd (Boom) de biografy fan ‘Leonie’. – Het intrigerende leven van een Nederlandse dubbelspionne – 413 s.
    In bisûnder nijsgjirrich boek. Opmerking op efterflap: Mata Hari? Vergeleken bij Leonie was zij een onnozel dorpswicht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.