Kolleksje lokfûgels fan Natuermuseum Fryslân útwreide

juny 27, 2020 08:51

De Ottema-Kingma Stichting hat koartlyn goed twahûndert lokfûgels en in rige lokfluiten oankocht en yn langduorjend brûklien oan it Natuermuseum Fryslân jûn. De Ottema-Kingma Stichting hat dy partikuliere samling fan de hear H.F. Arentsen út Volendam oernommen. De Kolleksje Arentsen stiet lanlik heech oanskreaun en der sitte ferskate unike eksimplaren by.

Foto: Natuermuseum Fryslân

It Natuermuseum hat sels ek in grutte kolleksje lokfûgels. Yn 2012/2013 organisearre it museum in oersjochútstalling oer lokfûgels. By dy eksposysje waard in boek útjûn, skreaun troch Siebren Siebenga en Harry Wijnandts. It Natuermuseum hat ûnderwylst ien fan de grutste kolleksjes lokfûgels fan Nederlân. It brûklien fan de Kolleksje Arentsen is dêr in moaie oanfolling op.

Nederlân mei al syn wetter is in oantreklik briedgebiet foar alderhande wetterfûgels, steltrinners en greidefûgels. Dêrneist is ús lân in wichtich foeraazjeplak foar ferskeidene trekfûgels lykas guozzen en einen. Dy grutte oantallen fûgels hawwe yn it ferline foar jagers en fûgelfangers oanlieding west foar it ûntwikkeljen fan alderhande fangtechniken en -middels lykas fangkoaien, netten, lokfluitsjes en lokfûgels. It wie meastal de gewoane man dy’t de fûgels fong om sels op te iten of om te ferkeapjen. De opbringst wie in moaie ynstruiïng yn in perioade dat der mar in bytsje wurk en dus ek minder ynkommen wie.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Fûgels wurde tsjintwurdich noch altyd fongen, mar mei in oar doel, nammentlik wittenskiplik ûndersyk. De fûgels wurde woegen, ringe en metten. Der wurdt sjoen nei de fearren en hoefier oft it mei it ferfearjen is, en sommige fûgels krije in stjoerderke om mear gegevens mei te krijen oer de trekrûten.

It brûken fan lokfûgels is foaral effektyf by fûgelsoarten dy’t yn grutte groepen libje. In groep op it lân foerazjearjende guozzen of wilsters of in groep einen op it wetter hat no ienkear oanlûkingskrêft op oerfleanende soartgenoaten. Se jouwe de oerfleanende fûgels it ‘idee’ dat der wat te heljen is en dat it in goed en feilich plak is. In groep net-libjende lokfûgels (modellen) hat itselde effekt, foaral as de jager of fûgelfanger ek noch gebrûk makket fan in lokfluitsje, dêr’t de rop fan de oanbelangjende fûgels op neidien wurdt.

Lokfûgels kinne sawol libjende as neimakke fûgels wêze. Soms is it in kombinaasje: it echte fearrekleed waard om in keunstlichem dien om it safolle mooglik op in echte soartgenoat lykje te litten. Wilsters, ljippen, guozzen, ûlen, finken, snippen en einen waarden it meast as lokfûgel brûkt. Se waarden makke fan hout, kurk, reid, turf, gips en letter ek fan pypskom en keunststof. Yn ’e rin fan de tiid binne der hiel wat ferskillende lokfûgels makke, fan hiel ienfâldige eksimplaren oant echte keunstwurken. Foar moaie of seldsume eksimplaren betelje samlers hege prizen.

juny 27, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.