Klassiker ‘Victory’ fan Joseph Conrad oerset troch Geart fan der Mear

juny 12, 2020 08:44 Fernijd

Bekendste en tagonklikste klassiker, Victory fan Joseph Conrad, yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear

Ofbylding: Elikser

Oer it boek
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelleasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minske inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in kluzener werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch gjin bannen oan te gean en op hieltyd wer oare plakken nearne fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Yndonezyske archipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er dochs in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient foar it beteljen fan syn skulden. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigentlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde.

Yn ien fan de lêste sinnen fan it boek seit er: ‘Och, Davidson, wee de man waans hart yn syn jeugd net leard hat om te hoopjen, te beminnen – en om syn fertrouwen yn it libben te stellen!’ Dat Joseph Conrad it boek De Oerwinning neamd hat, is wol, sjoen de ôfrin, o sa wrang, mar ek wol wer tapaslik. De Oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Neist Sulver en Minsken, útkommen yn in Fryske oersetting yn 2019, en It geheim fan Lord Jim (2017), beide ek fan Geart fan der Mear, kriget de Fryske lêzer fan hjoed tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingelsk skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).

Geart fan der Mear

Oer de oersetter
Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Neist taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.

Titel: De Oerwinning | Skriuwer: Joseph Conrad | Oersetter: Geart fan der Mear | Tal siden: 312 | ISBN:  978-94-6365-228-5 | Priis: € 27,95

juny 12, 2020 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.