Keunstwurken fan Koenes en Madou yn simmereksposysje by Bax Kunst

juny 22, 2020 08:53 Fernijd

Sneon 20 juny hat Galery Bax Kunst yn Snits syn simmereksposysje iepene. Der wurde in soad keunstwurken sjen litten fan Renze Koenes en Edith Madou, dy’t daliks nei oankeap meinommen wurde meie. Sa kinne de besikers der daliks fan genietsje.

‘Lemons and one place’ fan Edith Madou (foto: Bax Kunst)

‘Dreams’ fan Edith Madou (foto: Bax Kunst)

Edith Madou (Helden, 1964) makket bylden dy’t figuratyf en realistysk binne: “Se ferbyldzje de wrâld yn myn holle en meitsje myn fantasy taastber. Ynspiraasje helje ik út de skiednis fan ús deistich libben, de wrâld om my hinne en it maritime libben fan aldendei; ik sykje nei archetypes út ús kollektive ûnthâld, nei dúdlike ferienfâldige foarmen, direkt en krêftich.”

Uteinlik wurde it objekten dy’t werom te kennen binne, dêr’t eltsenien sels in ferhaal oan knoopje kin. Faak brûkt hja fisken as liedend foarwerp, aldendeiske situaasjes wurde dêrtroch ferfrjemdzjend en humoristysk. Har bylden binne fan keramyk.

Neist keramyske techniken, om ferskate materialen nei te meitsjen, makket Madou ek gebrûk fan echt tou, lear, lead en glês fanwegen it kontrast tusken de ferskate materialen. Yn 1992 is hja ôfstudearre oan de Academie voor beeldende kunsten yn Maastricht. Sûnt 1995 wurket hja as selsstannich keunstner en eksposearret hja har wurk oan ien stik troch yn galeryen yn binnen- en bûtenlân.

‘Isolement II’ fan Renze Koenes (foto: Bax Kunst)

Renze Koenes (Castricum, 1963) studearre yn 1988 ôf yn yllustrative foarmjouwing oan de Hogeschool voor de Kunsten ‘Constantijn Huygens’ yn Kampen. Sûnt dy tiid hâldt hy him dwaande mei frij tekenjen, it meitsjen fan skilderijen en wandskilderingen, en grafyk. Fierder jout er part-time les oan de Jan des Bouvrie Academie yn Dimter.

Mei leafde ferbyldet Koenes yn ferskate techniken gewoane ûnderwerpen, dêr’t er de suggestje fan romte en stofútdrukking ûndergeschikt by makket oan in nochal ûnferwachte spul fan foarmen, patroanen, kontrasten en kleur. Nettsjinsteande de ferfoarmingen dy’t er bewust tapast, bliuwe de ôfbylde foarwerpen yn de stillibbens en lânskippen werom te kennen.

Mienskiplik wurk
Beide keunstners wurkje yn Dimter en troch it waarme kontakt fan Madou mei Galery Bax Kunst – hja eksposearret dêr al mear as tweintich jier – kaam de mienskiplike eksposysje yn Snits ta stân. Spesjaal dêrfoar makken Koenes en Madou mienskiplik wurk. It soarget foar in gefoel fan ferbining fan de ûnderlinge keunstwurken.
Sa is de yndrukwekkende ynstallaasje fan gebak te bewûnderjen en binne der lytse keunstkadootsjes makke mei as tema ‘mear Snits’. Dy binne makke yn fjouwer tema’s dy’t mei Snits te krijen hawwe: De Wetterpoarte, de drabbelkoeken fan Haga, de Snitser Panne en Bearenburch fan Weduwe Joustra.

De eksposysje duorret oant en mei 1 augustus 2020.

juny 22, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.