Keunstprojekt mei klompen by Museum Belvédère

juny 3, 2020 08:33 Fernijd

Op Pinkstermoandei 1 juny om 12.00 oere hat Museum Belvédère yn Oranjewâld wer de doarren iepene. Dat feestlik barren waard markearre troch in unyk projekt fan keunstner Ids Willemsma, dy’t foar dit museum en dizze gelegenheid in hiel spesjaal keunstwurk makke hat.

Foto: pixabay.com

De alsidige Ids Willemsma (1949) rint foaral op klompen. Fan it begjin fan syn keunstnersbestean ôf hat er se altyd bewarre. Underwilens hat er mear as sechtich fersliten pearen. Hy hat dêrmei in rinrûte makke fan it parkearterrein ôf nei de yngong fan Museum Belvédère. Der binne ferskate soarten klompen brûkt. Willemsma makket ûnderskied tusken ‘gewoane’ klompen, wurkklompen (foar yn it atelier) en sneinske klompen (dy’t er by eksposysjes draacht).

Se binne makke fan wylgehout, iperenhout of selskapt eskehout. De klompepearen binne op oardel meter ôfstân faninoar pleatst, as ferwizing nei de koroanatiid. De ynstallaasje is moandeitemoarn ynrjochte troch de keunstner, tegearre mei direkteur-konservator Han Steenbruggen.

It museum folget de rjochtlinen fan it RIVM. De kaartferkeap wurket mei tiidslotten foar in beheind tal besikers. Yn it museum binne rinrjochtingen en paadwizers. Der wurdt foar maksimale hygiëne soarge.

Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

juny 3, 2020 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.