Jongelju sille gear oer takomst Frysk

juny 29, 2020 15:14

De Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan it Frysk, dêr’t al jierren sprake fan is, liket stadichoan op gong te kommen. It Friesch Dagblad fan hjoed wit te melden dat de Stichting BMD-Frysk takomme maitiid sa’n tritich jongelju út de Trynwâlden mei-inoar neitinke en prate litte wol oer hokker kant it mei it Frysk út moat. As dat in sukses wurdt, sil de diskusje provinsjebreed fuortset wurde.

De BMD is bedoeld om de ynwenners fan Fryslân bewust te meitsjen fan de posysje fan it Frysk hjoed-de-dei. It Frysk ferliest stadichoan terrein. It giet om de fraach oft de Friezen dat sa litte wolle, of dat se ree binne om har derfoar yn te setten, sadat it Frysk as kultuertaal en deistige omgongstaal fuortbestean sil. Soks giet net fansels. Mei in BMD is in betrouber byld te krijen oft it de muoite wurdich is in protte te ynvestearjen yn de taal.

foto BMD-Frysk

De stichting BMD-Frysk kiest foar in diskusje troch jongelju fan achttjin oant tritich jier. Dy binne belangryk en bepalend foar de takomst fan it Frysk. Stichtingsfoarsitter Rimmer Mulder: “Dat is de generaasje dy’t bern kriget en mei bepale moat hoefolle oft we foar it behâld fan it Frysk oerhawwe. Wolle dy dat mear Frysk yn it ûnderwiis ferplichte wurdt of krekt net?” Om foar te kommen dat allinne fûle foar- en tsjinstanners mei-inoar yn petear geane, sil de stichting de dielnimmers selektearje litte.

De diskusje soe oars dit jier al holden wurde, mar troch de koaroankrisis koe dat net. De proef yn de Trynwâlden kostet sa’n seis- oant achttdûzen euro. Dat wurdt betelle troch it Roelof Geertsma Fûns en de provinsje Fryslân.

juny 29, 2020 15:14
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe juny 29, 15:25

    In lyts espeltsje troch de stichting BMD (Brede Maatskiplike Diskusje) útsochte lju tusken de 18 en 30 jier sil frege wurde wat har tinken is oer it Frysk en it plak fan it Frysk yn Fryslân en yn it ûnderwiis.

    Takom maityd earst yn ien doarpke, en as de útkomst ‘Nederlânsk’ genôch is yn mear.

    Wy hawwe dus aansen te krijen net mei in Brede mar mei in ‘Smelle Maatskiplike Diskusje’ oer it Frysk. Hoewol, ‘maatskiplik’? Sels wat minsken útsykje dy’t wierskynlik net folle mei it Frysk hawwe – op kosten fan de provinsje Fryslân?

    De trochsichtige opset makket sok praten al dalik oerstallich. Elk wit dat ‘âldere’ minsken mear hawwe mei it Frysk as ‘jongere’ minsken, dy’t ommers al opsnúfd hawwe fan ús falend ûnderwiissysteem dat it Frysk der ab-so-lút net ta docht.

    Ek de opmerkingen fan Rimmer Mulder yn it Friesch Dagblad hjoed oer dat it Fryske taalbelied safolle kostet en neffens him neat opsmyt, en dat Ljouwert ‘geen Friestalige stad’ wêze soe (sa’n 30 persint fan de Ljouwerters praat Frysk) jouwe it ramt oan fan it ûndernimmen.

    Dat – as jo aansen net meiprate meie yn de Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, net útsocht binne troch Mulder en Willem Verf, dan is dat mei in doel. Jo betelje wol belêsting, jo meie stimme foar it wetterskip. Mar de Partij bepaalt de takomst fan jo kultuer.

    By dizze opset hat de ‘BMD’ it karakter fan gewoane propaganda, dy’t tsjinje kin om aansen it Frysk ûnderwiis noch fierder yn te koartsjen. Ik soe sizze: skriuw, protestearje, lit witte dat jim eigen kultuer fierder giet as fan 18 oant 30 of fan njoggen oant fiif.

  2. Karel F. Gildemacher juny 29, 16:49

    Geweldich dy BMD oer it Frysk! It liket dat âlderen har de bek hâlde moatte (gean dochs oer in pear jier dea). Uteinlik hat Rimmer Mulder ( ek in âlde knar trouwens) syn sin. Yn Fryslân heart men Nederlâns te praten, want Friesland (M hat as haadredakteur fan de LC ek kategoarysk wegere om de offisjele provinsjenamme te brûken) leit yn Nederland. Sa. Op dizze wize ûntstiet der nea in BMD oer it Frysk. It wurdt in spultsje fan hoe krije we it Frysk wer op Jan Poeps plak. De Steaten soene dochs yngripe moatte, dizze BMD is pas echt jild fergriemen. Wy allegearre en it ûnderwiis seker fertsjinnet in earliker behanneling.

  3. Abe juny 30, 13:10

    DE BREDE MAATSKIPLIKE DISKUSJE OER IT FRYSK: ,,DAN HOEGE WY DER NET MEAR OAN TE LUKEN”

    Rimmer Mulder en Willem Verf oer de mooglike útkomsten fan har ûndernimmen:

    ,,It is ek mooglik dat bliken docht dat Friezen yn mearderheid gjin sin hawwe oan bewuster taalgedrach. Dat wy inoar soks yn de dialooch earlik bekenne. Konklúzje: dan hoege wy der net mear oan te lûken en wurdt it Frysk wierskynlik stadichoan wei.”

    Dat stiet op de BMD site ûnder ‘Wat wolle wy’. No efkes rekapitulearje. M. en V. tinke takom jier hjir en dêr ris mei espeltsjes útsochte minsken ûnder de 30 te praten oer it Frysk en sa. Yn wat doarpkes. Mei wat lju dy’t bern ha of noch krije sille. Want dy lju ha de takomst. Jo en ik net. En as dan út it faderlik praat bliken docht dat de útsochte âlden of briedmasines yn spee ,,der net folle mei hawwe”, sjuch dan boppesteande alinea.

    Wûnderbaarlik dat M. en V. tinke dat it sa wurket en dat se oan sa’n werklik achterlik opsette ûndersyksoperaasje (bedroch) de konklúzje alfêst ferbine doare, dat yn dát en dát gefal ,,wy der net mear oan hoege te lûken”.

    Tinke M. en V. dat wy op ús achterholle fallen binne? Dat minsken it lot fan har taal yn hannen lizze sille fan twa âlde mannen dy’t wurch binne fan it wurd ‘Frysk’, om’t se har hiele libben der net yn slagge binne om dat wurd fan syn Janpoepsplak ôf te krijen, de iene woe dat trouwens ek hielendal net en de oare hie in kâns om wat te betsjutten doe’t er yn de Steaten siet, mar dat joech ek gjin stoffe ta sprekken?

    Who the hell are M. en V.? Taalbelied is net ôfhinklik fan de barbeknoeibyienkomsten fan de BMD. De lêste kear dat ik yn it steatsrjucht omstrúnde, makken Provinsjale Steaten it grutste part fan it Fryske taalbelied út. Mar it kin fansels wêze dat de ferantwurdlikheid no yn ‘e Trynwâlden bedarre is en by kwaksalvers, dat is wol sa handich miskien. Sa likernôch regelet de maffia syn saakjes ek.

    Want dan hoecht gjin Provinsjale Steaten der noch oer gear, en leit gjin Politikus (ha, ha) en gjin Underwiisbestjoerder derfan wekker en wit net wat er dwaan moat en wit net wat kant it út moat, en o, M. en V., kom asjebleaft gau mei jim Smelle, Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, want oars wurd ik suver oerspand?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.