Jierrenlang ferburgen skat fûn yn Rocky Mountains

juny 11, 2020 08:56

In skatsiker hat yn de Amerikaanske Rocky Moutains mear as in miljoen oan juwielen, goudklompkes, munten en oare kostberheden fûn. Dat seit de man dy’t de skat tsien jier lyn ferstoppe, de eksintrike miljonêr Forrest Fenn, op syn webside, en tsjin Amerikaanske media.

Foto: pixabay.com

Nei eigen sizzen ferburch de 89-jierrige Fenn yn 2010 in weardefolle skat yn ’e bergen benoarden de stêd Santa Fe yn Nij Meksiko. Hy publisearre doe in gedicht mei oanwizingen oer de krekte lokaasje. Yn ’e rin fan de tiid hawwe tûzenen minsken nei de skat socht. In pear kamen dêr sels by om it libben.

Fenn hat altyd sein dat er mei syn skat minsken oanspoare wol om yn ’e natuer op aventoer te gean. Neffens him is de skat ûnder de stjerrehimel yn de Rocky Mountains fûn, presys op it plak dêr’t er de kostberheden tsien jier lyn ferstoppe hie.

De namme fan de lokkige skatsiker wol Fenn net priisjaan, wol dat it om ien út it easten fan de Feriene Steaten giet. De man ûntduts de skat in deimannich lyn en stjoerde Fenn der in foto fan, seit de miljonêr tsjin de krante Santa Fe New Mexican.

juny 11, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.