Jan Willem Zwart: Tiidbylden

juny 27, 2020 20:00

Kollum

Patrick hjitte de jongeman dy’t hielendal fan Sint Maarten kaam en yn Grins biology studearre. Hy wie swart. Ik wie in jier as sechstjin. Dêr’t ik wenne kaam ik doe net faak swarte minsken tsjin.

Patrick woe in kear mei my it lân yn. It wie moarns betiid en wy seagen de ljippen en skriezen yn it fjild fleanen. Wy fûnen sels in trijke neist in mollebult. Patrick koe it Fryske lân allinnich út de boekjes fan skoalle op Sint Maarten. Sa’n bultsje grûn neist in ljippenêst hie er nea sjoen. Wêrom dy bultsjes oeral yn it lân? Hoe kamen dy dêr?

Patrick kaam út in fier lân en yn Grins wie de hiele wrâld om him hinne wyt. It wie in hiel oare tiid. It ferskil yn kultuer en eftergrûn waard as fansels keppele oan de kleur fan Patrick, mar natuer belibje makket foar swart en wyt gjin ferskil. Soks hat doe myn swart-wytbyld foarme.

Op skoalle krige ik lessen oer de Antillen en Suriname, de oerseeske gebietsdielen. Yn de boeken stiene de moaiste plaatsjes, fan de Surinamerivier en it oerwâld. De minsken op dy plaatsjes wiene swart en meastentiids tradisjoneel klaaid.

Doe’t ik op skoalle skiednislessen krige, waarden Jan Pieterszoon Coen, Michiel de Ruyter, Piet Hein en mear sokken, grutte Nederlânske helden neamd. De skiednisboekjes lieten it byld fan doe sjen. Hoe’t de wrâld yninoar stuts.

Piet Hein (foto Wikimedia Commons © F. Eveleens)

Okkerdeis seach ik yn de krante hoe’t in aksjegroep yn Amearika in grut byld mei in tou fan syn sokkel luts. Yn deselde krante seach ik ek dat yn Nederlân bylden mei ferve bekladde waarden. It stânbyld fan Piet Hein yn Rotterdam bygelyks, dat der 150 jier stien hat. En de gevel fan keunstsintrum Witte de With, ek yn Rotterdam. Dy oantinkens krije der no fan lâns, omdat dy mannen rasistysk wiene en de slavernij ferheften.

Yn de krante steane de ferhalen oer de Patricks fan dizze tiid, minsken mei in oare kleur, dy’t noch hieltyd oars behannele wurde as wite minsken. It is en bliuwt frjemd dat soks mei de wittenskip fan hjoed-de-dei noch hieltyd bart. Sykje nei bining kin sa moai weze. Sjoch bygelyks nei Patrick en de mollebulten.

Soe it net folle better wêze as wy just de bylden learden te begripen? Dat se in byld binne fan de tiid doe’t de wrald hiel oars yninoar siet? Doe’t de ferhâldingen hiel oars wiene en de minsken net better wisten? Sizze dy bylden ús krekt net dat wy yn it hjir en no libje en dat wy leard hawwe fan it doe? Set in byld ús net mei beide fuotten op ’e grûn? Seit it byld ús net gewoan dat rasisme tige te fersmiten is? Oeral en altyd?

Lit de bylden stean. Lear fan de skiednis en fertel deroer oan oaren. Besjoch de bylden tagelyk ek as in symboal fan wat doe wie en no nea wer barre mei. Net yn it grut en ek net yn it lyts.

juny 27, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Geeske Winia july 1, 12:33

    Moaie kollum, Jan Willem,
    Hjoed betinking fan ’e ôfskaffing fan’e slavernij… dat wie ferskriklik, mar meie myn foarâlden dêr ek by betocht wurde? Sy wiene ek slaven fan ’e elite: hurd wurkje yn ’e turf, wenje yn plaggehutten en yn earmoede libje… Oare slavernij, mar dochs ek…
    It ferline kinne we net oerdwaen, wy kinne derfan leare.

    Frysk hawwe we nea hân op skoalle…(wie dat net dikriminaesje fan ús taal?)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.