‘It libben heech hâlde’

juny 21, 2020 07:00

Meditaasje

Yn ús tsjerke yn Ynskedee hawwe wy fan Jiskewoandei ôf oant de Pinkster ta út it bibelboek Eksodus lêzen – wy folgen dêrmei de alternative line fan it Oekûmenysk lêsroaster: hûndert dagen Eksodus. Wylst wy mei de tariedingen dwaande wiene, hiene we der noch gjin weet fan dat dit projekt gearfoel mei de earste moannen fan ‘koroana’, en dat sawat alle tsjinsten allinich mar online útstjoerd wurde soene.

Mar: wat in goede greep die it lêsroaster hjir wer – of better: wat foel dat ferrassend moai gear mei de aktualiteit: it folk fan Israel, dat in drege tiid troch de woestyn gie, prottele en eamele, mar mei help fan de Ivige dochs ek wer fierder gie op wei nei de takomst dy’t tasein wie. Sa wie it mei de minsken yn de fersoargingshuzen dy’t ynienen troch in woestyn fan iensumheid hinne moasten, oaren dy’t harren wurk kwytrekken, zzp’ers dy’t ek troch in tiid fan drûchte hinne moasten, dêr’t it fuortbestean fan harren saak wif by stie. Alden dy’t ynienen de bern de hiele dei thús hiene, jongelju yn soarchynstellingen dy’t gjin kant mear út koene; al dy minsken dy’t wolris langstme werom hiene nei hoe’t it foar dizze tiid wie, nei de fleispotten fan Egypte, mar ek foarútsjen bleauwen nei in libben yn fernijde frijheid.

Alle tsjinsten sletten wy ôf mei in parafraze op de Tsien Wurden, dy’t it folk midden yn dy woestyn krige, om de tiid mei troch te kommen, op wei nei it Nije Lân, yn in nije tiid. Alle wiken waard der in filmke makke dêr’t tsien gemeenteleden elk ien fan de rigels yn sprieken, om sa op-ôfstân-mar-dochs-mei-inoar de nije wike yn te gean (Tsjinstboek I, s. 846):

Mei jo wurd yn ús hert
en mei ús hannen feardich ta jo wurk
sprekke wy út, o Hear,
tsjin Jo en tsjin ús neiste:

dat wy Jo tsjinje sille en nimmen oars –
dat wy jo byld en likenis sjen sille
yn it stal fan Jezus Kristus,
tsjinstfeint fan de minsten fan ’e minsken –
dat wy Jo namme hilligje sille –
dat wy de dei dy’t Jo takomt fiere sille –
dat wy ús âlden earbiedigje sille –
dat wy it libben heech hâlde –
dat wy inoar trou wêze sille –
dat wy ús neat fan inoar ta-eigenje sille –
dat wy inoar iepen yn ’e eagen sjen sille –
dat wy inoar it goede fan it libben gunne –

Sa ha wy it heard,
sa sille wy it dwaan,
Hear, ús God,
heech te priizgjen binne Jo.
Amen.

Op Peaskemoarn hiene we mear as sechstich stimmen út de gemeente dy’t dêroan meidien hiene. Ien fan de rigels kaam – ek yn de ferkundiging – hieltyd werom yn ferbân mei de aktualiteit fan dizze tiid: it foarnimmen ‘dat wy it libben heech hâlde’.

Wat is dat, it libben heech hâlde, en wat betsjut dat yn ferkillende omstannichheden?

Okkerdeis lies ik it boek fan Wladyslaw Szpilman, musikus, joad, dy’t – yn tsjinstelling ta syn hiele famylje – as in wûnder de oarloch oerlibbe yn it joadske getto fan Warschau en letter as ûnderdûker.[1] Hy skriuwt op in bepaald wanhopich momint yn de jierren 1942-1945 oer in hast dierlik ynstinkt dat him driuwt, as oerlibbingmeganisme yn ûnminsklike omstannichheden. Koartsein: it libben dat libje wol.[2] In driuwende aktiviteit dy’t yn al it libbene wêzen skûlet en mar ien doel hat: libje, fuort fan de dea en it deadske.

Libben heech hâlde: de saak fan George Floyd lit ús nochris sjen dat dat álle libben oangiet: it swarte en it wite, it sûne en handicapte, it âlde en jonge, it ideale, komplete en ymperfekte. Ál it libben. De God fan Israel kiest foar it swakke. Ut it lân fan slavernij moatte hja fuortfierd wurde. Op wei nei libben, los fan tsjinst oan oaren. Net stykjen bliuwe yn de patroanen sa’t dy troch de tiden hinne ûnstien binne, mar dêrtsjin yn ferwar komme en úteinsette nei it folle libben yn frijheid en mienskip. Ek al binne we dêr fuortdaliks noch net, it moat al de motivaasje en it útgongspunt wêze: de driuwende krêft nei libben yn frijheid en mienskip.

Yn de ferpleechhuzen hawwe minsken famyljeleden skoftenlang net sjen kinnen. De bern stiene foar de ruten te swaaien, of praten op in skermke mei heit en mem – mar net elkenien dy’t demint is begrypt dat sa’n plaatsje prate kin; dôve minsken hearre it net goed, ek al belje de bern (of de dominy) alle dagen. Wat waacht hjir swierder? Kwetsber libben beskermje foar in potinsjele kâns op koroana of itselde libben net omkomme litte troch iensumens en folsleine ôfwêzigens fan lichaamlik kontakt – dêr’t sljochtweihinne alle libben en alle kontakt mei begjint? Hoe hâlde wy it libben dan ‘heech’?

Eksodus makket it ferhaal sa moai, dat, as se by de Hillige Berch oankomme, om de Heare te moetsjen, it hiele folk derhinne roppen wurdt (Eksodus 19; sjoch ek Deut. 31, 1-13). Gjinien wurdt útsletten: slaven net, froulju net, bern net, kreupele en lamme minsken net, âlderen net. Gods ferbûn fan frijheid en mienskip is bedoeld foar it hiele folk. En it folk is hjir sûn en folwoeksen wurden yn relaasje mei God.[3] Mei alle brek en lek sûn, nammentlik as folk fan folweardige minsken, bestimd foar de frijheid en de mienskip mei-inoar en mei God.

Fan ’e wike wie it nije draaiboek yn it nijs, foar as it ris in kear knypt op de IC’s mei in nije epi- of pandemy. As der in kar makke wurde moat, geane de jongere minsken foar de âldere. De lêsten hawwe mear kâns hân om alle fazen fan it libben mei te meitsjen – sa seine etisy foar de telefyzje. Ik jou grif ta dat ik bliid bin net yn ’e skuon fan dokters of politisy te stean as der sa’n kar makke wurde moat. Mar ik wol ál sizze: it ‘nije gewoan’ moat no ek wer net te gewoan wurde. It libben yn folheid en frijheid wie ommers bedoeld foar hiel it folk.

Oane Reitsma
dûmny Protestantske Gemeente Ynskedee
ds.a.reitsma@gmail.com

[1] Wladyslaw Szpilman, De pianist: herinneringen uit Warschau 1939 tot 1945 (vert. Theo Dautzenberg). ’s-Gravenhage: Uitgeverij BZZTôH, 2003.
[2] Neffens de titel fan in koartlyn ferskynd boek oer minske en dier yn de keunsten: Johan Goud & Frank Bosman (red.), Leven dat leven wil: over dieren en mensen in kunst, religie en filosofie (Figura Divina 7). Almere: Parthenon, 2020.
[3] Sjoch foar dizze gedachte ek: Jonathan Sacks, Exodus: boek van de bevrijding (vert. Karl van Klaveren), Middelburg: Skandalon, 2019.
juny 21, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.