‘It guozzeroer’ fan Rink van der Velde opnij útjûn

juny 25, 2020 09:10

De lêste roman fan Rink van der Velde It guozzeroer wurdt op 7 july 2020, nei hast tweintich jier, opnij útjûn. Yn dit lêste boek fan ien fan de belangrykste skriuwers yn it Frysk komme alle eleminten fan syn wurk gear: oarloch, it oerlibjen, it fjild, de skerpe waarnimming en spitse dialogen. It guozzeroer is yn it oevre fan Van der Velde in masterwurk. Foar it nije omslach is in skilderij fan Sjoerd de Vries brûkt, in skilderij fan De Deelen dêr’t dit ferhaal him ôfspilet.

Ofbylding: Bornmeer

Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter, yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dy oangripende en sober fertelde roman. It guozzeroer giet ek oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië.

Om de twa jier wurdt de Rink van der Veldepriis troch de Gemeente Smellingerlân en stifting FLMD útrikt, mei dit kear yn de sjuery Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma. Yn ferbân mei koroana is de útrikking fersteld.

It guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).

Rink van der Velde – It guozzeroer
Utjouwerij Bornmeer | ISBN 978 90 5615 641 1 | softcover | 144 siden | € 15,00

Te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

juny 25, 2020 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.