It Frysk yn ‘e riedsseal fan Smellingerlân

juny 4, 2020 12:14

Wethâlders yn de gemeente Smellingerlân moatte it Frysk ferstean en lêze kinne. Dat stiet yn it funksjeprofyl dat de gemeenterie woansdei fêststeld hat. De eask om passive behearsking fan it Frysk ta te foegjen wie in idee fan de FNP-fraksje. De fraksje fan de ELP wie der min oer te sprekken dat de sollisitaasjeproseduere al begûn is, wylst it profyl fan de nije wethâlders noch net útiten wie.

Yn de Ljouwerter Krante freget Bertus Jans Postma fan Bitgummole him ôf hoe’t it komt as in wethâlder gjin Frysk ferstean kin. Hy wiist op de Wet gebrûk Fryske taal en freget him ôf oft dêr net yn stiet dat gemeenteriedsleden dan ferplichte binne om har te ferbrekken. Dan soe it neffens him kreas wêze as de gemeente in tolk regelje soe.

Yn de gemeenterie hoecht net ien him lykwols te ferbrekken. It rjocht fan boargers om Frysk te brûken yn it kontakt mei de oerheid kin ferfalle as der dan út it kontakt te folle wurk foar de oerheid efterwei komme soe. Dat jildt net foar gemeenteriedsleden: it rjocht om yn gemeenteriedsgearkomsten Frysk te brûken is ûnbeheind. Kêst 9 fan de Wet Fryske taal seit nammentlik:

“Een ieder kan in vergaderingen van in de provincie Fryslân gevestigde vertegenwoordigende organen de Friese taal gebruiken.”

Dat der gjin easken steld wurde oan de behearsking fan it Nederlânsk, is mooglik wol yn striid mei kêst 2 fan de wet:

“De officiële talen in de provincie Fryslân zijn het Nederlands en het Fries.”

juny 4, 2020 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.