It Amelân

juny 13, 2020 07:30 Fernijd

foto © Matthijs Verkuijl

It liket derop dat in protte minsken fan ’t simmer fakânsje hâlde sille yn ús eigen lân, hooplik yn ús eigen provinsje en útsoarte ek op de Waadeilannen.

Dit ferhaal giet net oer it Amelân mei syn prachtige natuer, strannen, doarpkes en it Oerd. En ek net oer it bjusterbaarlike nobeltsje, in drankje dat goed smakket. En ek net oer it feit dat se dêr net Frysk prate mar yn harren eigen taal, dy’t op it Stedfrysk liket. Nee, it giet oer hiel wat oars dêr op it Amelân.

Yn it sintrum fan Hollum stiet nammentlik in stânbyld mei op it plein derfoar in ôfbylding fan de flagge fan it Amelân mei trije balken, de moanne en giele en blauwe banen. Dat makket tige nijsgjirrich.

In skoft lyn wie it wizânsje om beskate dieven te straffen mei de deastraf oan de galge. En der waard in soad stellen op it eilân, mar it ûntbruts dêr oan in knappe galge, wylst der wol ferlet fan wie. It nuvere wie dat der gjin geskikte balken wiene om in galge fan te meitsjen, nettsjinsteande it feit dat der wol in soad hout fan fergiene skippen op it strân oanspielde.

Op Skylge hiene se wol in bulte gaadlik hout, dat op in jûn makken wat Amelanners de oerstek nei it buoreilân. It wie gjin nacht yn ’e nane, dat se soene troch it ljocht fan de moanne wol genôch sjen kinne. Mar de see wie tige wyld en de streaming o sa nuodlik, dat it wie in poepetoer, dy’t lang om let wol slagge.

foto © Matthijs Verkuijl

Mei trije flinke balken op de roeiboat kamen se werom en yn de wike dêrop waard al in knappe galge makke en doe koe it rjocht fierder syn beloop krije. It nuvere wie dat se har dêr hielendal net foar skammen. Se wiene suver grutsk op dy stellerij. Net allinnich dat, mar se hiene dat barren sels ôfbylde op harren flagge. De iene helte mei de trije balken yn it swart en yn de oare helte blau mei de heale moanne derop.

Elkenien hoecht him der hjoed-de-dei net sa drok oer te meitsjen of bang fan te wêzen dat de striid tusken de eilannen ûnderling noch spilet. De minsken kinne gewoan dêr op fakânsje gean en genietsje fan alles dat it eilân te bieden hat. Fansels jildt dat ek foar de oare eilannen.

Matthijs Verkuijl

juny 13, 2020 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.