Ingelske steatstsjerke net iens mei diskriminaasje Iersktaligen

juny 5, 2020 13:40

In tsjerklike rjochter yn it Ingelske Coventry oardiele juster dat it net tastien wie om op grêfkrusen in tekst yn de Ierske taal te setten. Dy wie foar Ingelsktaligen net te lêzen, wie syn oardiel, en de Ierske taal koe boppedat negative gefoelens oproppe. Lês der hjir mear oer.

In wurdfierder fan ‘e Anglikaanske tsjerke, de Ingelske steatstsjerke, hat te witten dien dat de anty-Ierske hâlding allinnich dy fan it bisdom Coventry is. “It beslút stiet los fan it lanlike belied fan ‘e Anglikaanske tsjerke”, sei er. De wurdfierder wiisde derop dat de famylje it rjocht hat om by it aartsbiskoplik hof yn Canterbury yn berop te gean tsjin de útspraak.

Ut namme fan ‘e steatstsjerke sei de wurdfierder: “De Ierske taal is in wichtich stik erfskip fan ‘e Anglikaanske tsjerke. Ommers, de oprjochting fan ‘e tsjerke yn it hjoeddeiske Ingelân is foar in grut part te tankjen oan Ierske mûntsen.”

juny 5, 2020 13:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.