In nije Pinksterbeweging

juny 1, 2020 07:00

Skôging

Foto: pixabay.com

In nije pinksterbeweging, sa soe men de pinkstergroetaksje wol neame kinne, dy’t al hiel wat jierren troch de protestantse gemeente te Goutum c.a. holden is. As in tige positive reaksje op it op himsels wol negatyf te beoardieljen feit dat krekt op dit by útstek tsjerklike feest in protte tsjerkeleden net thús binne, om dit feest mei-inoar te fieren. Wylst it op dit bertefeest fan de tsjerke, oars as by de oare tsjerklike feesten, no krekt foaral om harsels te rêden is.

It aksintsferskil tusken dit feest en dy oare feesten sit him hjir yn: draait it by de oare feesten foaral om de Hear fan de tsjerke (dy’t berne is, opwekke út ’e dea, ferhearlike oant by God), op it Pinksterfeest giet if foaral om de tsjerke fan de Hear. As minsken, nei’t se sizze, gauris net rjocht witte hoe’t se mei dit feest oan moatte, komt it grif hjirfan: dat se wol oanfiele, mar net witte wolle dat se no séls yn it sintrum fan ’e belangstelling steane. Want krekt op dit feest wurdt der mear as op ’e oare feesten op harrensels in grut berop dien. No meie hja it sizze en sille se gewaarwurde dat se it ek kinne; no kinne hja it sels dwaan, yn ’e geast fan de Hear, yn it spoar fan ’e gemeente fan de earste oere.

Posityf tinke
Der soe noch wol mear oer te sizzen wêze, mar dat doch ik no eefkes net. My liket it evidint dat de skrutenens oangeande it pinksterfeest ek teologysk beskaat is. En ûnderwilens spylje kulturele en maatskiplike ûntjouwingen fan de lêste heale iuw fansels ek in grutte rol. De frije dagen dy’t ús ea jûn binne om ús tsjerklike feesten fiere te kinnen, wurde no foaral brûkt om oare (‘leuke’) dingen te dwaan. Wat foarhinne yn ús foardiel wurke: dat wy frij hiene om yn/mei de tsjerke feestfiere te kinnen, wurket no yn ús neidiel. Want de minsken binne der hiel faak net, net thús alteast; se ha frij, dat se binne derop útgien, wa wit wêrhinne. Men kin dat spitich fine, men kin it wakker negatyf beoardielje. Mar it kin ek oars, troch just gebrûk fan dizze ‘úttocht’ te meitsjen en der in positive lading oan te jaan, dy’t ek nochris hielendal yn it ferlingde leit fan de beweging dy’t ea mei Pinkster op gong kommen is.

Pinksterfeest missyfeest
It Pinksterfeest is ommers in missyfeest, in feest fan derop út stjoerd wurde; feest fan minsken dy’t inoar ferstean wolle en it dan ek kinne; dy’t om samar te sizzen deselde taal sprekke, hoe ferskillend ek útsprutsen, wa’t se ek binne, wêr’t se ek weikommen binne; minsken ûnder ynfloed fan de Geast, de hillige, dy’t treast en moed jout en libben makket, dy’t minsken ferieniget en de wrâld fernijt.

Alle minsken dy’t der mei de pinksterdagen op út geane, kinne yn ’e tsjinst op ’e snein(en) foar Pinkster nei foaren roppen wurde. Dat past it bêste fierderop yn ’e tsjinst, as der yn de gebeden en by de jeften dochs al in berop op ’e minsken dien wurdt. Hja wurde dan út namme fan de gemeente útstjoerd mei in groet, ôfprinte op in kaart, leafst mei in foto fan de tsjerke derop, in ‘missybrief’ en in (útsoarte) reade kears. Op Pinkstersnein bringe se dy dan oer nei de gemeente/parochy yn it plak dêr’t se dan te gast binne, yn Nederlân of faaks wol dêrbûten. It leit yn ’e reden dat se soks foar de tsjinst op ’e tiid mei de minsken dêre yn goed oerlis regelje moatte.

Bidde foar de tsjerke
 Yn de tsjinst op pinkstersnein kin yn alle gemeenten frege wurde, oft de mooglike gasten nei foaren komme wolle, om te fertellen wa’t se binne en wêr’t se weikomme. Hja krije dan ek sa’n groet mei foar har eigen gemeente/parochy. En yn ’e foarbeaen foar de tsjerke wurde steefêst ek de nammen fan de plakken neamd, dy’t troch dizze pinksterbeweging yn byld kommen binne. Der kin fansels ek in moai liet by songen wurde. Op ’e snein(en) nei Pinkster kinne wa’t útstjoerd wiene thús fertelle, hoe’t it har dêrjinsen fergien is en hoe’t it derby stiet mei de tsjerke dêre.

Pinksterwille
Sadwaande kinne wy op syn minst wol trije sneinen ‘pinksterwille’ ha. Ik jou it idee foar dizze ‘pinksterbeweging’ graach yn it omtinken, omdat de reaksjes altyd o sa posityf binne. In protte muoite kostet it allegear net, mar ien en oar moat fansels wol goed organisearre wurde.

Dizze beweging bringt minsken neier yn kontakt mei-inoar en ferbynt harren oer mooglike grinzen hinne. It soe moai wêze, as alle gemeenten der in gewoante fan makken om deroan mei te dwaan. Om sadwaande it Pinksterfeest en de tsjerke ‘nij libben yn te blazen’.

Foar mear ynformaasje: Skilje 058-280 35 57 / 06 4427 8860 of skriuw errer@hetnet.nl

Reinder Reitsma, Ljouwert

Neiskrift
1 Dizze aksje kin, wat it útstjoeren fan minsken oanbelanget, inkeld slagje as se ek op har fakânsje-adres Pinksterfeest fiere wolle en dêr dan ek ‘gewoan’ nei tsjerke ta gean.
2 Pinksterfeest fiere dogge minsken per definysje mei-inoar. Yn tsjerke, tinkt my, mar it kin (foar de gelegenheid) ek yn in tinte of bûtendoar.
3 In tsjerke dy’t net Pinksterfeest fiert, hâldt op te bestean.

 

juny 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.