In krityske blik op it Nederlânske ûnderwiissysteem

juny 4, 2020 08:59 Fernijd

Hoe giet Nederlân om mei bern dy’t ûnder de noarm prestearje? Yn de Fryslân DOK Ik bin PRO – flaters meitsje mei net in krityske blik op ûnderwiis.

Foto: Omrop Fryslân

Dosint Jos Sleurink fan praktykskoalle De Compagnie op It Hearrenfean fynt dat it hjoeddeiske ûnderwiissysteem net oanslút op wat jongelju nedich hawwe om te groeien yn wa’t se binne en wat se dogge. Neffens him docht it guon bern earder skea as dat it harren helpt. Hy sjocht dat sokke bern fan de basisskoalle nei it praktykûnderwiis útstreame. Bern dy’t ûnder de noarm prestearje en dêrtroch in min selsbyld ûntwikkele hawwe. “Al jierrenlang hawwe se it gefoel net te foldwaan. Se wurde ôfrekkene op harren flaters en de dingen dy’t net slagje. Dat docht sear.”

Yn it praktykûnderwiis slagget it om bern in feilige learomjouwing te jaan, dêr’t se yn opbloeie en har maksimaal yn ûntwikkelje. Sleurink socht nei it ûnderlizzend probleem fan it ûnderwiissysteem en ferdjippe him yn in oare oanpak: it meditearjend learen.

De Fryslân DOK Ik bin PRO – flaters meitsje mei net fan dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf jout in krityske blik op ûnderwiis. It is it ferfolch op de Omrop Fryslân-searje Ik bin PRO, dêr’t presintator Raynaud Ritsma in jier foar meirûn op trije Fryske praktykskoallen.

Fryslân DOK Ik bin PRO – flaters meitsje mei net
Sneon 6 juny, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 7 juny 13.10 oere)
Snein 7 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

juny 4, 2020 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.