Dochs heger berop yn saak Iersktalich grêfskrift

juny 6, 2020 21:41

It Nijs hat de ôfrûne dagen ferskate kearen berjochte oer it ferbod fan in Ingelske rjochter op in Iersktalich grêfskrift foar in ferstoarn âldminske yn Coventry. (Sjoch hjirre en hjirre.) De Ingelske steatstsjerke hat him tsjin it oardiel útsprutsen en wol dat de saak yn heger berop tsjinnet.

Rjochter Stephen Eyre oardiele dat grêfskriften foar elkenien “yn it Ingelsktalige Coventry” te lêzen wêze moasten en dat it Iersk negative emoasjes oproppe koe by minsken dy’t de taal net machtich binne. Caroline Newey, de dochter fan ‘e ferstoarne frou, hie de saak foar de tsjerklike rjochtbank brocht, nei’t it bisdom Coventry de Ierske tekst mei as betsjutting foar altyd yn ús hert wegere hie.

Ynearsten woe frou Newey net yn heger berop gean, mei’t de saak al twa jier spile en har in soad fertriet dien hie. Nei’t de tsjerke op lanlik nivo stipe útsprutsen hat, hat hja dochs besletten om it heger berop tsjinje te litten. De abbekate fan frou Newey, Caoilhionn Gallagher, seit: “Wêr is it bewiis dat minsken dy’t yn Coventry op in tsjerkhôf omrinne sa anty-Iersk binne? En as sa’n foaroardiel al bestiet, wat soe men dêr dan oan tajaan op kosten fan de roujende neibesteanden?”

juny 6, 2020 21:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.