Ien op de fiif sekstsjettende Nederlanners stjoert werkenbere bleatfoto’s

juny 10, 2020 08:59 Fernijd

Fan alle Nederlanners dy’t wolris oan sekstsjetten dogge, ferstjoert ien op de fiif in foto fan him- of harsels dêr’t hy of sy dúdlik werkenber op is. Hja binne har net bewust fan de risiko’s dy’t se dêrmei rinne. Dat en mear docht bliken út in ûndersyk fan VPNGids.nl nei online seksualiteit.

Foto: pixabay.com

Manlju minder bewust fan sekstsjetrisiko’s as froulju
Fan alle manlju ferwachtet tritich persint gjin privacyskea, mei’t se de ûntfanger fan harren berjochtsjes fertrouwe. It giet dêrby benammen om 16- oant 29-jierrige manlju: 38,5 persint fan harren tinkt om dy reden gjin risiko te rinnen.

Under froulju is dat oandiel lytser, nammentlik 9,3 persint. Fan de froulju dy’t de ûntfanger fertrouwe, ferstjoert ien op de trije werkenbere foto’s fan harsels (66,7 persint).

As ien de ûntfanger fertrout, binne der lykwols ek risiko’s oan sekstsjetten ferbûn. Hackers kinne bygelyks besykje it materiaal te bemachtigjen, of in relaasje kin oergean, mei wraakporno ta gefolch.

Measte minsken nimme maatregels foar privacybeskerming
It grutste part fan de Nederlanners is wol op ’e hichte fan de risiko’s fan sekstsjetten. Mear as de helte fan alle Nederlanners stjoert bewust gjin werkenbere bylden as se harren mei sekstsjetten dwaande hâlde (55,9 persint). Dat jildt benammen foar sekstsjettende froulju: 73,6 persint.

Minsken dy’t wol werkenbere bylden diele, geane der yn guon gefallen feiliger mei om: sechstjin persint nimt ekstra befeiligingsmaatregels. Mei help fan bygelyks in spesjale foto-app beskermje se har oant op sekere hichte tsjin minsken dy’t kwea wolle.

Aktiver mei sekstsjetten troch koroanamaatregels
Nederlanners dy’t oan sekstsjetten dogge, binne dêr sûnt de karantêremaatregels aktiver mei wurden: by froulju dy’t werkenbere seksueel tinte foto’s fan harsels stjoere, is te sjen dat 44% fan harren aktiver wurden is mei it sekstsjetten nei’t it lân op slot gien is. By manlju dy’t wolris werkenbere seksuele foto’s fan harsels stjoere, jout de helte oan aktiver mei sekstsjetten wurden te wêzen ûnder de koroanamaatregels.

Fan de manlju stjoert boppedat fyftjin persint faker in pimelfoto sûnt de ynfiering fan de koroanamaatregels. Under jonge manlju is dy taname it grutst: 26,9 persint jout oan op it stuit mear foto’s fan de jongehear te dielen.

Besjoch hjir alle resultaten út it ûndersyk.

juny 10, 2020 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.