Hûs duorsumer meitsje ekstra oantreklik foar Friezen

juny 21, 2020 08:47

Húseigeners yn Fryslân krije in ekstra temjittekomming as se harren wenning enerzjysuniger meitsje. De provinsje wol mei in ynvestearring fan 5,2 miljoen euro de ynwenners oanmoedigje om no foar bygelyks spoumuorre-isolaasje, flierisolaasje of heechrendemintsglês te kiezen. Alle enerzjy dy’t dêrmei besparre wurdt beheint de feroaring fan it klimaat. Fryske bou- en ynstallaasjebedriuwen profitearje dêr ek fan as se it duorsum meitsjen fan de huzen útfiere meie.

Foto: pixabay.com

Húseigeners krije 10% ekstra subsydzje boppe-op de 30% dy’t it Ryk no beskikber jout mei de subsydzje enerzjybesparring eigen hûs (SEEH). Dêr moatte se twa of mear isolaasjemaatregels foar útfiere litte en betelje. Minsken dy’t harren sparjild net ynsette wolle of kinne, kinne kieze foar in enerzjybesparliening. Fan 1 septimber 2020 ôf krije Fryske oanfregers fan ‘e enerzjybesparliening Fryslân in koarting fan 0,5% op dy rinte. Ferieningen fan eigeners komme ek yn ’e beneaming foar de twa regelingen.

Oanfreegje
De provinsjale oanfolling op de lanlike subsydzje jildt mei weromwurkjende krêft sûnt 1 juny 2020. De Energiebespaarlening kin no al oanfrege wurde, mar is fan 1 septimber 2020 ôf ynklusyf rintekoarting.

Oanfreegje subsydzje: www.rvo.nl/subsidie-en-financieringswijzer/seeh;
Oanfreegje enerzjybesparliening: www.energiebespaarlening.nl;
Oanfreegje enerzjybesparliening Fryslân (fan 1 septimber ôf): www.energiebespaarlening.nl/fryslan.

juny 21, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.