Stream fan anty-Fryske berjochten op Twitter

juny 16, 2020 15:19

#Fries wie tiisdei de meast brûkte hashtag op Twitter yn Nederlân. It giet net om it Ingelske wurd foar patat, mar om de Nederlânske namme fan ús taal. De oanlieding is in filmke dat Omrop Fryslân pleatst hat. In ober seit tsjin in famke dat er it asosjaal fynt dat se yn it Frysk bestelt. It boadskip is dat jo jo net samar ferbrekke moatte.

In soad reaksjes binne slim misledigjend. Der binne blykber genôch Nederlanners dy’t fan betinken binne dat jo soks samar yn it iepenbier sizze kinne.

Hjirûnder binne guon te sjen.



Aldergeloks is net elkenien sa lêbich:

juny 16, 2020 15:19
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Abe juny 16, 21:40

    Ik hie it sneon yn it stik oer Kurrikulum.frl oer it grutte tekoart oan meartaligens by it part fan de befolking yn Fryslân dat gjin Frysk praat. Guon minsken tinke miskien dat ik oerdriuw, of de saken slimmer ôfskilderje as se binne. Guon minsken miene dat just de Fryskpratende befolking mear begryp fan meartaligens bybrocht wurde moat (sadat dy befolking nóch earder ree wêze sil om de eigen taal by de dyk te setten). Dy minsken wolle dêrom dat ûnderwerp ferwurkje yn de takomstige Fryske lessen – as sokke lessen dan dochs perfoarst jûn wurde moatte, leaver net fansels. Mar it sit yndie in slach, nee, twa slaggen oars. Sjuch hjir reaksjes fan Hollânsktalige lju yn Fryslân op in filmke fan de Omrop, wêryn’t yn it Frysk, en yn Fryslân, in konsumpsje besteld wurdt. Jo en ik wisten fansels al lang dat sokke agressive anty-Frysktalige praktiken bestean ûnder net-Frysktaligen. En jo en ik wisten ek al lang dat in boel Friezen har al op foarhân yntimidearre fiele en suver automatysk oerskeakelje op de steatstaal as se yn in publike romte binne en har oppenearje moatte. De oerheid hat der noait wat oan dien, demonstraasjes binne der suver noait oan bestege. Mar nou moatte de lesûntwikkelers by Cedin dochs wol efkes wekker makke wurde. It is net de ûnderdrukte minderheid dy’t feroarje en ynleverje en oan kant moat – it binne de ûnderdrukkende oaren dy’t wurdearring foar kulturele diversiteit meikrije moatte op skoalle. Graach soenen wy, dat wol sizze, ik, ien en oar dan ek weromsjen yn in nij learplan Hollânsk.

  2. Lomme Schokker juny 16, 22:51

    En wer hat Abe de Vries it grutste geluk fan de wrâld!

  3. Nanne Hoekstra juny 17, 00:06

    Dat de sosjale media bytiden as iepenbier rioel fungearje, wisten we al. Mar sa’n ûnhuere bringst oan ûnferstân is lykwols bjusterbaarlik. Om jin te besauwen, hielendal yn tiden dat wrâldwiid tsjin diskriminaasje demonstrearre wurdt. Watsei? Sa’n Ricardo Boersma baltet sels dat swarte libbens der ta dogge. Letterlik besjoen is dat al in deadwaner – dêr’t ik sa’n wurd om sis – want wat foar woltinkend mins kin it dêr no net mei lykfine, mar it wurdt hielendal in lege gjalp as jo tagelyk minsken it brûken fan de eigen taal yn harren eigen omkriten ûntsizze wolle. Nederlanners fan útlânsk etnysk komôf moatte mar wach wêze foar sokke freonen, dy’t oare kultueren blykber lykskeakelje wolle mei harren eigen. En foar al dy lju mei anty-Fryske praat jildt dat se net allinnich te ferkleien binne foar diskriminaasje, mar likegoed foar oantrúnjen op ferdistruwearjen fan kultureel erfskip, want hja wolle ús taalrykdom by it jiskefet sette. En sels foar mandéligens oan in beskate foarm fan genoside om’t se in wichtige ûnderskiedende karakteristyk fan in folk ûnderdrukke wolle en dêrmei assimilaasje bewurkmasterje. Lykwols, oan it nivo fan harren ôfwaaide praat te sjen, sille de roppers en razers oer it Frysk op Twitter sa’n oanklacht net iens befiemje kinne.

  4. Henk juny 17, 10:42

    Samar twa ideetsjes:
    1. Soe de Ried fan de Fryske Beweging ‘taaldiskriminaasje’ (yn Fryslân en oare lannen) net ris as tema foar it tydskrift De Nije brûke kinne?
    2. Kin de Ried net ris by Postbus 51 of antydiskriminaasje-organisaasjes oanstean op in kampanje tsjin it lekskoaien op lytse talen?

  5. Sigrid juny 17, 14:19

    Twitter is net echt it platform om yntellektuele diskusjes op te fieren. Anti-friezen hawwe der altyd west. Ik ha sels it gefoel dat de hâlding foar it Frysk oer yn it algemien better wurdt yn Nederlân. Der is wol in soad oandacht foar meartaligens yn it ûnderwiis en ûndersyk rjochtet him ek faker op twaddetaallearders. Faaks roppe de haters hurder as it goed giet mei de taal.

  6. Goaitsen van der Vliet juny 17, 15:48

    Wat in ferskuorrend onnoazel, bernachtich, polarisearjend filmke. Soks freget om negative reeaksjes. Fryske flagge op ‘e trui, op ‘Fryske’ klompen en dom ynstudearre praat. Harrejassus, ik skamje my dea as Fries. Wat idioaten ha dat betocht en makke? En dat Omrop Fryslân dat dan ek noch de wrâld ynstjoert… #netmynfryslân

  7. Cor Jousma juny 18, 13:23

    Litte wy hoopje dat dizze Snitser dy’t it oer ‘Black lives matter’ hat net de tûkste is. Mar as ik sjoch hoe’t KOSP yn ús hiele lân de weach fan protesten nei de moard op de safolste swarte Amerikaan brûkt om de diskusje om S.P. hinne nei syn hân te setten dan fyn ik soks folle nuodliker. Net de arguminten mar de measte roppers en razers sette de diskusje nei harren hân.

  8. Abe juny 22, 15:16

    De spitkeet van omke Gurbe

    Sympatike kollum fan Nynke van der Zee hjoed op de Omrop. Mar ek ferûntrêstigjend ûnskealik. Want hoe’t it beroerde Frysk ûnderwiis der mei foar soarget dat guon minsken it Frysk net serieus nimme, derop delsjugge en har diskriminearjend tsjin jo útlitte as jo jo eigen taal brûke – dat komt net oan ‘e oarder. Ek net yn ‘e kranten, ek net op ‘e Omrop. Hoe kinne je dat ferbân – it ûnderwiis as feroarsaker en pylder fan diskriminaasje – nei Black Lives Matter noch oer de holle sjen? Twa redenen. De skizofreny fan de Frysktaligen: oan kant skood wurde en dat eins noch gewoan achtsje ek, dat wol sizze, der neat oan dwaan. En de hegemoany fan it Hollânsktalige perspektyf yn de parse: neffens ús oars o sa op rjucht en ûnrjucht ôfjage sjoernalistyk is der hielendal gjin probleem, dêrom ha wy it der noait oer. Mar hee: de ‘Negerhut van Oom Tom’ is yn prinsipe deselde as de spitkeet van omke Gurbe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.