Hiel ochheden om oankundige demonstraasjes tsjin diskriminaasje

juny 6, 2020 21:18

Bylden fan de demonstraasje tsjin rasisme yn Amsterdam ferline wike

De aksjegroep Leeuwarden kan het wol nije wike yn Ljouwert demonstrearje tsjin diskriminaasje. Hoewol’t de demonstraasje op ‘e sosjale media oankundige wurden is, wie er neffens Omrop Fryslân juster jit net by de gemeente Ljouwert oanjûn.

De ôfrûne tiid is rûnom op ‘e wrâld demonstrearre tsjin diskriminaasje en rasisme. Yn Amsterdam gie dat mis, dêr hâlden de demonstranten te min distânsje, wylst de plysje net fanwegen kaam. Yn Rotterdam rûn de demonstraasje út op reboeljemakkerije.

Der soe ynearsten in twadde demonstraasje yn Ljouwert wêze, organisearre troch Sander Slijver fan Dokkum, mar dy giet net troch. Slijver is fan betinken dat it biedwurd fan Leeuwarden kan het, nammentlik Black lives matter (‘swarte libbens binne wichtich’) rasisme yn ‘e hân wurket. Hy seit: “As ik hear dat by de protesten yn Grins swarte minsken foaroan sitte moatte, dat kreëarret krekt rassehaat. Der moat in kear in tsjinlûd komme.”

Slijver docht fia de sosjale media te witten dat er oerladen is mei bedrigings fan syn libben en dat er om ‘e feiligens de demonstraasje ôfsein hat. Slijver: “Ik woe in dialooch kreëarje en net noch mear ferdieldheid. Dy kant giet it no spitigernôch op. En dat kin nea de bedoeling wêze.”

Jaleesa Schiphorst van Leeuwarden kan het seit dat se der wiis mei is dat Slijver syn demonstraasje net trochgiet. Se neamt it “sportief” dat er dy ôfsein hat.

juny 6, 2020 21:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.