Henk Wolf: Likense rjochten betsjut likense behanneling yn de wet

juny 22, 2020 17:10

“Iedereen die dat wil, moet zich in Friesland in het Fries kunnen uitdrukken.” Dat hat Kajsa Ollongren yn 2018 sein yn har funksje as minister fan ynlânske saken en as heechstferantwurdlike foar it Ryksbelied oangeande de Fryske taal.

Kommissaris fan de kening Arno Brok sei wat ferlykbers. Dy neamde it “in fûneminteel rjocht” om yn Fryslân Frysk te praten.

Yn kêst 19 fan de Wet gebrûk Fryske taal stiet dat Dingtiid de likense posysje fan de Fryske en de Nederlânske taal yn Fryslân befoarderje moat.

Yn eigen hûs hat de provinsje al yn 1985 besletten dat it Frysk en Nederlânsk op deselde manier behannele wurde moatte troch de noata Fan geunst nei rjocht goed te karren. Likense rjochten foar Frysktaligen en Nederlânsktaligen waarden útgongspunt fan it belied.

In minister, in kommissaris, in wetskêst en in provinsje dy’t net wolle dat it Frysk yn Fryslân, achtersteld wurdt by it Nederlânsk, dat is in prachtige útgongssituaasje. Dy minsken ha in soad yn ‘e brij te brokkeljen, dêr moatte jo wêze.

Mar de wet stiet yn it paad. Sûnt 2013 is der in Wet gebrûk Fryske taal, in wet dêr’t allegear dingen yn byinoarswile binne dy’t earst yn oare wetten stienen, mar dy’t foar it Frysk net folle opsmiten hat, mei hoefolle bombaarje oft er ek oankundige is. Dy wet stelt it Frysk formeel achter by it Nederlânsk – wat minister, kommissaris en provinsje dus sizze dat se net wolle.

Hoe? Kêst 3 seit dat boargers ferplichte binne om Nederlânsk te brûken as in amtner dêrom freget. Kêst 4 seit dat amtners ferplichte binne om Nederlânskte brûken as in oar (bygelyks in boarger of in oare amtner) dêrom freget. Kêst 7.1.b en 7.2 skriuwe foar dat echt wichtige skriftlike stikken net allinnich yn it Frysk ferskine meie. Kêst 8 jout boargers it rjocht op in goedkeape of fergeze Nederlânske oersetting fan Fryske oerheidsstikken, wylst der sa’n rjocht op in Frysk stik net bestiet. Notariële akten moatte neffens kêst 16 út it Frysk yn it Nederlânsk oerset wurde.

Hoe noch mear? De likense kearndoelen foar de skoalfakken Frysk en Nederlânsk besteane net mear, sûnt 2005 al net mear. Legere doelen foar Frysk soe ‘realistysker’ wêze. Allinnich wurde dy realistyske legere doelen ek net helle.

Hoe noch mear? Diskriminaasje is strafber, mar oft dat ek jildt foar diskriminaasje op grûn fan de taal dy’t Friezen brûke, is net dúdlik. De Twadde Keamer wol dat sa’n selde ûndúdlikens út de wei romme wurdt as it giet om handikaps en seksuele foarkar. De Rie fan Steat oardielet op basis fan it belang dat dêr yn ynternasjonale ferdraggen oan jûn wurdt dat sa’n opname “noodzakelijk” is.

De rest fan ‘e wrâld sjocht mei en seit wat fan de net realisearre lykberjochtiging fan de twa taalgroepen yn Fryslân: de Nederlânske Ryksoerheid krijt algegeduerigen fan ’e Rie fan Europa op ‘e kop om’t er te min docht foar it Frysk yn it ûnderwiis. In rapporteur fan de Feriene Naasjes hat it ûnderwiis yn de memmetaal yn de eigen regio as minskerjocht bestimpele.

Minister, kommissaris, wetskêst, provinsje, ynternasjonale ferdraggen en FN-rapportaazje – dat alles byinoar makket dat taalbewegers no mear as tefoaren trije easken stelle kinne:
1. de eask dat de Wet gebrûk Fryske taal sa oanpast wurdt dat Frysk en Nederlânsk yn Fryslân eksakt gelyk behannele wurde;
2. de eask dat de skoalfakken Frysk en Nederlânsk deselde behearskingsdoelen krije;
3. de eask dat in ferbod op diskriminaasje op basis fan (offisjele) taal yn de grûnwet neamd wurdt.

juny 22, 2020 17:10
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Frank de Boer juny 22, 19:36

    It opnimmen fan diskriminaasje op basis fan taal yn de Grûnwet njonken de besteande grûnen is symboalysk en eins oerstallich. It rjocht bestiet al, yn de foarm fan artikel 1 fan it Protokol 12 by it Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minsk (EVRM yn it Hollânsk) en dat rjocht kin no al gewoan direkt foar de Nederlânske rjochter ynroppen wurde. De grûnwet kin yn Nederlân net tsjin wetten lykas de Taalwet ynroppen wurde, allinne mar tsjin legere regeljouwing.

    De fraach lykwols is oft in ferskillende behanneling fan Frysk en Hollânsk ek in ferbeane diskriminaasje fan persoanen nei taal betsjut? By de ferskillende ûnderwiisynhâld bin ik der net sa wis fan, by de taalwet soe ik it earder sizze, omdat dy foarskriuwt hoe’t de oerheid ferskillendtalige boargers ferskillend behannelje mei.

  2. Hein Wijma juny 22, 21:47

    @Frank de Boer. As heit fan in skoalgeand bern fyn ik my wol ferskillend behannele troch de oerheid. Doe’t myn frou en ik in skoalle útsochten foar ús dochter haw ik frege hoe’t it siet mei it ûnderwiis yn it Frysk. De direkteur fan in trijetalige basisskoalle fertelde spontaan dat ûnderwiis yn de eigen taal better is foar de bern mar dat sy dat foar it Frysk net goed dwaan kinne. Neffens him koe it jaan fan ûnderwiis yn lytse talen miskyn wol yn lannen as Finlân en Switserlân mar net yn Nederlân. Hie riede ús oan om sels it lêzen en skriuwen yn it Frysk te oefenjen mei de bern omdat sy dat de bern net genôch leare koene. It betsjut dus dat foar Hollânsktalige heiten en memmen de oerheid der foar soarget dat de bern yn de eigen taal lêze en skriuwe kinne wylst Frysktalige heiten en memmen dêr sels in soad tiid en enerzjy yn stekke moatte.

  3. Abe juny 22, 21:48

    Wy binne wer dêr’t wy fjouwer jier lyn ek al wienen. Minskerjochten. Wat de Ried fan de Fryske Beweging dwaan moat is in grut abbekatekantoar of in belangrike ngo op it mêd fan minskerjochten sykje en de saak dêr yn ûndersyk jaan. Dan hawwe je wat om mei te slaan.

  4. Kerst Huisman juny 23, 09:38

    Wat Abe seit, in grut abbekatekantoar of in belangrike ngo op it mêd fan minskerjochten sykje en de saak dêr yn ûndersyk jaan, moar altiten trochgean. Mar as wy it dêr by litte, dan sitte wy wer liddich oan de kant ôf te wachtsjen. Mar wy kinne sels ek in soad. Lês (en klik foaral ek troch nei de links dy’t yn de tekst neamd wurde): http://www.demoanne.nl/stipe-fan-de-oerheid-fansels-mar-wy-kinne-sels-ek-in-hiel-soad/

  5. Abe juny 23, 20:37

    Hielendal mei Kerst iens. It giet der no wol om in publisitêr offensyf yn te setten. Ik hoopje dat de FNP no ek oanheakket, ek al is de partij meiferantwurdlik foar it ûnderwiisbelied.

  6. Abe juny 27, 08:03

    In pear jier lyn koest de krante net iepenslaan of ien fan de hearen stie der wol yn of hie it der wol oer: de Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk. Pieter de Groot, Frans Kuipers en Willem Verf. Dy BMD moast der komme, al soe de ûnderste stien ek boppe. Wilens knibbelet de FNP foar de macht en hâldt him de snút, wit GrienLinks net iens fan it bestean fan dy taal, is de PvdA méar ûnsichtber as ûnsichtber, hat de demonstraasje fan 2016 neat úthelle, hat de provinsjale koalysje fan CDA cs. it Frysk ûnderwiis op ‘e lange baan set (2030) en is it triumviraat fan it toaniel ferdwûn. ‘Breed’ prate? In opinystikje yn ‘t fearnsjier, dat moat kinne. Haadredaksjes witte foar har kommentaren alle ûnderwerpen fan ‘e wrâld yn ‘e regel wol te finen – útsein it Frysk en it Frysk ûnderwiis. Dat stiet op gjin inkelde wurklist. Want ja, wat moatte je dêr no mei?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.