Sybren Singelsma: HEMA

juny 14, 2020 13:50

Kollum

It is wat mei it kapitalisme: alle heil moat fan de frije merk komme, mar ien kear yn de tsien jier moat it systeem troch de oerheid rêden wurde. Ultraliberalen lykas Margareth Thatcher wiene ree om de oerheid sels ôf te brekken om mar garandearje te kinnen dat de merk syn gong gean koe. By de bankekrisis die bliken dat dy oerheid krusjaal wie om de finansjele sektor te rêden. Dochs goed foar har freontsjes dat frou Thatcher net hielendal har sin krige hie. Dat in grutte bank as ABN/Amro rêden waard omdat it in ‘systeembank’ wêze soe, koe ik my noch wol foarstelle, en dat Dirk Scheringa út Wognum de sjaak waard, like my begryplik.

Mei de koroanakrisis wurde alle sektoaren rekke, en wer moat de oerheid royaal ta de ponge. Ik tink alwer dat it ferstannich is dat men jin der as it hûs yn ’e brân stiet net te folle mei ynlitte moat hoe’t de brânwacht de saak dwêst.

It entûsjasme dêr’t de steat no de hiele ekonomy mei oernimt begjint lykwols wol fragen op te roppen. Want as net elkenien stipe wurdt, riist de fraach wêrom’t de iene wol en de oare net stipe wurdt. Want wa wurdt as earste stipe? De KLM, want ommers in systeembedriuw foar de Nederlânske ekonomy. Soe it? Fansels wurkje der 35.000 man, is de steat oandielhâlder en snabbelet de Kening derby, mar persoanlik makket it my net út oft ik KLM flean of Lufthansa. It is foaral in systeembedriuw foar Schiphol, ek al in oerheidsbedriuw.

Mar lit my net seure, heech jongesboekgehalte, moat kinne.

Dan hawwe we skipsbouwer IHC. Moai bedriuw, yngewikkeld en grut guod. Mar de problemen dêr’t it mei konfrontearre waard kamen dochs echt fan in ferkearde kalkulaasje by in grut skip, net fan de koroana. IHC is no lykwols ek in ‘systeembedriuw’ en troch de oerheid rêden. Menno Snel, krekt sûnder wurk, mei tafersjoch hâlde.

En dan no de HEMA, it Hollands Eenheidsprijzen Magazijn Amsterdam. Ik keapje der wol skearskom, en T-shirts, want dy sitte lekker, fyn ik. De HEMA is op in stuit opkocht troch in Britsk iesgierfûns dat de oankeappriis as skuld by de Hema op de balâns sette en it bedriuw doe trochferkoct oan Marcel Boekhoorn, dy’t tocht dat er dêr ek wol broadsjes fan bakke koe. Mar hy komt der no ek efter dat er wol in hiele protte T-shirts ferkeapje moat om dy skuld ôf te lossen. Dy fan my geane jierren mei, dat op my hoecht er net te rekkenjen. En as ik gjin T-shirts by de HEMA keapje kin, dan keapje ik se wol earne oars. Bol.com hat se grif ek wol.

Dus om de HEMA no in ‘systeemwinkel’ te neamen dy’t troch de oerheid rêden wurde moat? Net echt, liket my. Marcel Boekhoorn kin de boel ek gewoan mei ferlies wer ferkeapje, hat Blokker ek dien. Steunmaatregels prima, mar it mei gjin kollektivisme wurde. De muorre is dochs fallen? Want wolle wy werklik in Hollandse Eenheid Markt, dêr’t alle systeembedriuwen ‘Kolgoazen’ wurde?

juny 14, 2020 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.