Hast in tredde minder wenningynbraken yn Fryslân

juny 8, 2020 08:53

Yn de perioade fan jannewaris oant en mei april fan dit jier wiene der yn Fryslân 285 wenningynbraken. Ferlike mei deselde perioade ferline jier is dat tal mei 31,5% ôfnommen. It tal skuorreynbraken yn Fryslân is lykwols mei 15,4% tanommen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer, dat de meast resinte plysjesifers oer 2020 analysearre.

Foto: pixabay.com

Wenningynbraken yn Fryslân
It tal wenningynbraken yn Fryslân lit in negative trend sjen dy’t dus geunstich útpakt foar wenningeigeners en -hierders. Fan jannewaris oant en mei april 2019 wiene der yn totaal 416 wenningynbraken yn Fryslân. Dit jier is it oantal – yn deselde perioade – gâns leger (31,5% minder), mei 285 wenningynbraken.

Op lanlik nivo is ek sprake fan ôfnimmende oantallen wenteynbraken. De maatregels yn ferbân mei de koroanakrisis – en dan benammen it safolle mooglik thúswurkjen – binne nei alle gedachten de wichtichste reden foar ynbrekkers om wenten te mijen. Ynbrekkers lykje dêrfoaroer út te wiken nei minder risikofolle ynbraakmooglikheden, lykas bygebouwen.

Mear skuorreynbraken
Nettsjinsteande de koroanakrisis lykje ynbrekkers net stil te sitten. It liket der sels op dat se just útwike nei skuorren en berchromten ûnder flatgebouwen. Dêrby is lanlik sprake fan 24% mear registrearre skuorreynbraken yn april. Yn Fryslân wie dat tal ek heger. Registrearre de Fryske plysje ferline jier yn totaal 23 skuorreynbraken, dit jier is sprake fan 25 ynbraken (+8,7%). Alle ûndersyksresultaten binn te besjen op de wenningynbrakemonitor fan Independer, dêr’t ek de registraasjes fan bygebouwen ynsichtlik makke binne.

Dekking
“Ynbraak yn in skuorre of kelderboks op itselde adres as jins hûs, is yn prinsipe dutsen fia de ynboelfersekering. Der moat wol echt sprake wêze fan ynbraak en der moat oanjefte dien wêze by de plysje. As de doar gewoan iepen stie, jildt de dekking net”, seit Eelko van Dijk, skea-ekspert by Independer. “Tink derom dat der oare regels jilde as de kelderboks net itselde adres as jins hûs hat. Dat moat echt by de fersekering oanjûn wurde.”

juny 8, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.