Grutte bedriuwen wolle ynfloed op ynhâld telefyzjeprogramma Veronica Inside

juny 19, 2020 12:20

Johan Derksen (foto: Hans Groenendijk, Jasper Joosten, CC BY 3.0)

De bedriuwen Zespri en Gillette hâlde op mei it advertearjen op telefyzjestjoerder Veronica. Dat docht de NOS te witten. De bedriuwen Gamma, SNS Bank en Toto wolle mei produsint Talpa prate oer de ynhâld fan it programma Veronica Inside. Albert Heijn sei dat it bedriuw net mear wol dat reklame foar syn winkels op deselde jûn útstjoerd wurdt as Veronica Inside.

De bedriuwen steure harren oan in grap fan meiwurker Johan Derksen yn it programma. Dy reagearre op in foto fan in man dy’t ferklaaid as Swarte Pyt nei in antyrasismedemonstraasje yn Ljouwert ta kaam mei in boerd ‘Zwarte Piet Lives Matter’ (De libbens fan swarte piten binne fan belang). Dat is in fariaasje op de gjalp ‘Black Lives Matter’ fan de demonstranten. Derksen lake en sei: “Weten we zeker dat het niet Akwasi is?” Dêr bedoelde er sjonger Akwasi Owusu Ansah fan Amsterdam mei, dy’t okkerdeis sei dat er fan doel is om in swarte pyt yn it gesicht te skoppen as er yn novimber ien tsjinkomt.

Derksen tinkt dat Veronica Inside wol bestean bliuwt. Hy seit yn it Dagblad van het Noorden: “Dit is weer een storm in een glas water die wel overwaait. Morgen is er weer een andere rel. Dat gaat vaker zo. Dan beginnen mensen drie dagen na ons programma te gillen. En denken commerciële jongens van bedrijven: wij kunnen niet achterblijven, maar ach, ik ga daar niet over.”

Derksen seit fierder dat yn syn kontrakt stiet dat er yn it programma alles sizze mei, útsein as it giet om berneporno.

juny 19, 2020 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.