Gjin Sinteklaasyntocht mear op Curaçao
Resint ferskynd
- Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier 0
- Biden hat ambisjeuze plannen foar earste 100 dagen 0
- Moasje oer leefromte greidefûgels 0
- RTL meldt: freed útgeansferbod yn Nederlân 0
- Dútske saakkundigen: Koroana bliuwt, dêr moat men jin ûnder deljaan 0
Curaçao kriget dit jier gjin yntocht fan Sinteklaas. De Stichting voor Kinderen yn Willemstêd hat dat bekendmakke. De organisaasje hellet gewoanwei in wike nei de yntocht yn Nederlân Sinteklaas nei it eilân, mar dêr komt no foar altyd in ein oan. Dat hat te krijen mei de protesten yn de Feriene Steaten en de rest fan de wrâld nei de dea fan de swarte arrestant George Floyd.
Krityk op it ‘koloniale’ feest op it eilân is der al jierren. Fanwegen de maatregels yn ferbân mei it koroanafirus en de minne finansjele tastân fan in protte bedriuwen dy’t as sponsor bydroegen, wie der al twivel oft de yntocht trochgean koe. De diskusje oer it rasistysk karakter fan it feest hat de trochslach jûn, lit de organisaasje witte.
Ut protest tsjin Swarte Pyt waarden brieven skreaun nei de haadkantoaren fan Amerikaanske fêstigingen fan sponsoaren op it eilân. Kleurde Piten binne neffens de stifting lykwols gjin oplossing. De stifting lit witte dat net ien fan de Curaçaose Piten in kleur wol, dat elkenien swart wol. Ferline jier moasten sels lotsjes lutsen wurde om’t net ien frijwillich yn in oare kleur as swart schminkt wurde woe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje