Gjin sinneparken mear op lânbougrûn
Resint ferskynd
Undernimmers dy’t yn Fryslân in sinnepark op in stik lânbougrûn bouwe wolle, moatte harren plannen yn de iiskast sette. Ferline wike woansdei besleaten Provinsjale Steaten dat dy plannen foarearst net behannele wurde meie. De provinsje wol it oanlizzen fan sinneparken op lânbougrûn beheine om dy grûn foar de lânbou te behâlden. It ferbod jildt fan woansdei 3 juny 2020 ôf.
De provinsje is dwaande mei in wiziging op de oardering romte. Dêr wurdt in Sinneljedder yn opnommen. Dy jout oan yn hokker prioriteitsfolchoarder op hokker lokaasjes sinneparken komme kinne. Dat is nedich, om’t de hjoeddeistige oardering romte net genôch mooglikheden jout om sinneparken op net-winske lokaasjes foar te kommen.
Rinnende inisjativen komme mei it no nommen beslút efkes stil te stean. As de nije oardering romte klear is, sille dy op basis fan de Sinneljedder beoardiele wurde. De ûntwerpwiziging oardering romte komt foar de simmer op besjen te lizzen. Fan dat momint ôf sille rinnende en nije inisjativen oan it nije belied hifke wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje