Gjin rasisme, gjin ‘reetveegpieten’, mar Swarte Pier

juny 5, 2020 16:17

Skôging

De diskusje oer ras en diskriminaasje liket no al wer oan te boazjen. Ik kin my net sa bot fine yn de opmerking fan minister-presidint Rutte, dat it rasisme om ús hinne in struktureel probleem is. En syn opmerking oer Swarte Pyt fyn ik der earlik sein ek in bytsje by troch. It rasisme bestiet wiswier wol, mar oft it no struktureel is? Ik bin dêr hielendal net mei grut wurden. Yn myn famylje bestie folle mear de foarstelling fan tsjinstellingen tusken besitters en de lju dy’t neat hawwe, en sa beseagen wy de wrâld ek. It hat tinklik wol sterk te krijen mei myn komôf út in echt reade hoeke yn Fryslân, de westhoeke fan Opsterlân en de oanswettende kriten om It Hearrenfean hinne en yn Utingeradiel. Dat hiele antyrasismedebat sprekt my dêrom net sa oan. Mar ik tink dat it mei de kommende sinteklaasyntochten slimmer wurde sil. De driuwerij is, sels foardat it jier op de helte kommen is, al wer begûn.

Jimme witte dat ik my it ôfrûne jier bot ynset haw foar frijspraak fan Jenny Douwes en de measte blokkearders. Myn foarstellingen hiene yn dy saak ek foaral te krijen mei wat ik hjirboppe skriuw. Nochal wat fan de blokkearders komme út de Wâldhoeke. Myn redenearring wie ek: Nederlân hat de slavernij offisjeel ôfskaft yn 1863, Femke Halsema rûn yn Amsterdam noch mei in spjeldsje op dêr’t dat jiertal op stie. Mar yn en nei dat jier 1863 libben nochal wat minsken yn de Fryske Wâlden – en net allinnich dêr – yn ferskourrend minne omstannichheden, dy’t noch duorre hawwe oant nei de Twadde Wrâldoarloch. Dy minsken waarden ek diskriminearre, en de omstannichheden liken in soad op dy fan de eardere slaven yn de Nederlânske koloanjes.

Der bestie yn myn reade hoeke in grutte sympaty foar krekt de striid fan de ‘fersmytlingen fan de ierde’ yn dy koloanjes. It loslitten fan dy koloanjes stie ek yn it program fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de man dy’t yn 1888 yn it kiesdistrikt Skoatterlân, dêr’t ek Opsterlân ta hearde, ta Keamerlid keazen waard. ‘Myn’ kiesdistrikt! En in man oer wa’t yn myn jong­folwoeksenejierren noch mei in soad respekt sprutsen waard. Der wiene, dêr op ’e Tynje, yn Terwispel en Beets, minsken dy’t syn portret doe noch yn de húskeamer hingjen hiene. Der waard dêr rûnom oer ‘Dommela’ (mei twa kear in m, want sa waard er neamd) noch mei grut respekt praat.

Nee, ik ben net sa’n optein ferdigener fan de Swarte Pytfiguer. Allinnich: der binne wol in soad minsken dy’t dy swarte kleur ferdigenje. Dy swarte kleur hat ek folle âldere woartels as de tiid fan it koloanialisme. Dy swarte kleur giet tebek op ús eigen heidenske tiden. Dy swarte kleur is ek moai, folle moaier as dy brune fegen, dy’t de sinteklaasfeinten no mear en mear op krije. Martin Bosma fan de PVV – net myn politikus en ek net myn partij – hat foar dat fenomeen al in aardige beneaming lansearre: reetveegpieten. En sa’n sinteklaasfeest, dat wolle jo dochs net!

Nee, it is better dy swarte kleur bliuwe te litten. In stikmannich jierren lyn haw ik dêr al in moaie oplossing foar betocht. Lit de Sint in nije feint yn tsjinst nimme: Swarte Pier. Dat wol sizze, in as swarte kat ferklaaide helper. Der binne in pear kosmetyske oanpassingen needsaaklik dy’t besteane út lange snorhierren en in sturt, mar dêr is oerhinne te kommen.

Folwoeksenen sille it dêr faaks wat swier mei hawwe, mar it feest is allinnich bedoeld foar lytse bern. En dy leauwe dochs alles, wat Sinteklaas oanbelanget; dy binne yn de koartste kearen om. As wy ‘Piet’ yn ‘Pier’ feroarje, kinne de lietsjes itselde bliuwe, en wy meitsje der mei dy nije namme tagelyk in nije, eigen Fryske tradysje fan. Der is fansels neat op tsjin as oaren bûten de swetten fan Lauwers, Linde en Fly dy tradysje oenimme wolle. Mar wy hawwe dan yn Fryslân wat nijs delset. ‘Fan Fryslân begjint de fiktoarje’: sok sizzen soe sprekwurdlik wurde kinne. Wy behâlde de swarte kleur en wy binne yn ien klap fan it hiele KOZP-geseur ôf. Wy hawwe in nije Fryske tradysje, en de hiele rasisme-angel is derút.

In stikmannich jierren lyn haw ik dêr al ris foar pleite yn de Ljouwerter Krante. Dat wie doe yn earste ynstânsje rjochte op it Sint-Piterfeest yn Grou. Myn idee wie doe: it kin lyts begjinne. En yn Grou hawwe se noch wol gefoel foar Fryske tradysjes, en se binne dêr ek wolris wat eigensinnich, wa wit. Dêrnei soene folle mear Fryske doarpen en stêden it oernimme kinne. Mar spitigernôch foel dat ôf. Der kamen net in soad reaksjes, en dy’t der al kamen, wiene ûnferweechlik: bliuwe litte sa’t it is. Mar ik tink dat dy diskusje wol komme moat, en gau. Fan KOZP-kant is de driuwerij al wer begûn. En dat bart mei in fanatisme dat my net gerêst makket op wat komme kin.

Kerst Huisman

Foar wa’t myn pleit fan in pear jier lyn nochris lêze wol:

juny 5, 2020 16:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.