Gearwurking foar it Fryske lânskip

juny 18, 2020 21:46

Feriening It Fryske Gea en Stichting Landschapsbeheer Friesland hawwe besletten om fan 1 jannewaris 2021 ôf yntinsyf gear te wurkjen. It Fryske Gea skeakelet Landschapsbeheer tenei yn foar lânskipsbelied en -behear. Ek sille de beide organisaasjes harren stypjende tsjinsten diele. De gearwurking wurdt mei in bestjoerlike fúzje beklonken, wêrby’t it bestjoer fan It Fryske Gea ek it bestjoer fan de Stichting Landschapsbeheer Friesland wurdt. Troch de krêften te bondeljen kinne beide organisaasjes better foar de belangen fan it Fryske lânskip opkomme.

Op fersyk fan de provinsje hawwe de organisaasjes de ôfrûne moannen ûndersocht hoe’t in gearwurking tusken Landschapsbeheer Friesland en It Fryske Gea ta stân brocht wurde koe. Foar LBF wie it de ôfrûne jierren hieltyd dreger om selsstannich te bliuwen, omdat de finansjele posysje tige ûnder druk stie. Omdat der in grut belang is by de aktiviteiten dy’t LBF útfiert en omdat LBF in kennisorganisaasje foar lânskip is, is nei in duorsume oplossing socht dy’t mear kânsen foar it lânskip opleverje sil. De útkomst fan dat ûndersyk is de bestjoerlike fúzje, wêrby’t LBF in selsstannige stichting bliuwt, in werkenbere entiteit yn It Fryske Gea.

Landschapsbeheer Friesland sil yn de takomst mear kapasiteit frijmeitsje om mei te tinken yn de beliedsûntwikkeling oer hoe’t grutte ûntwikkelingen goed útpakke kinne foar it lânskip. Foarbylden dêrfan binne de feangreidefyzje, dykfersterkingen, de ynpassing fan duorsume enerzjywinning en de nije boskstrategy. De meiwurkers fan Landschapsbeheer Friesland sille de projekten minder faak sels útfiere en faker oaren by steat stelle om it lânskip te beskermjen en te behearen. Dêrfoar jouwe sy stipe oan agraryske kollektiven, doarpen dy’t de natuer yn en om harren wenomjouwing stimulearje wolle en fansels de behearploegen dy’t op frijwillige basis de belangrykste pearels fan it Fryske lânskip ûnderhâlde.

Foar Arjen van der Meer, foarsitter van It Fryske Gea, is de stipe oan Landschapsbeheer in ynvestearring yn de takomst: ‘Der komme in oantal grutte romtlike yngrepen oan, dy’t it Fryske lânskip meitsje of brekke kinne én der is by de minsken sels mear ferlet om natuer en lânskip te beskermjen. In bolwurk fan kennis en fan meitinkers by Landschapsbeheer Friesland is ûnmisber om te helpen dat te ûntwikkeljen. Foarsitter Meine Scheweer fan Landschapsbeheer Friesland heakket dêroan ta: ‘Der leit in plan dêr’t Landschapsbeheer syn ûnôfhinklike rol yn behâlde kin en dêr’t in sûne organisaasje yn ûntstiet dy’t nije kânsen makket foar it Fryske lânskip.’ Van der Meer hat in soad ûnderfining mei gearwurkingsfoarmen: ‘As foarsitter fan LandschappenNL haw ik de fúzje fan de lanlike koepels begelaat dêr’t It Fryske Gea en Landschapsbeheer Friesland beide ûnder falle. It bondeljen fan de kennis en ynset fan personiel, frijwilligers en leden hat echt in mearwearde foar natuer en lânskip.’

Provinsje Fryslân stipet de oergong nei dizze situaasje. Deputearre Douwe Hoogland: ‘We hawwe de oandacht en soarch foar ús lânskip prominint yn ús bestjoersakkoart set. De provinsje hat sterke maatskiplike partners nedich om alle fraachstikken oer lânskip, bygelyks oangeande it feangreidegebiet, op te pakken. Wy stimulearje ek lokaal draachflak en de ynset fan frijwilligers. Ik bin dêrom bliid dat Landschapsbeheer Friesland en It Fryske Gea op dizze wize harren krêften bondelje. Twa sterke partners dy’t ûnôfhinklik genôch binne om op te kommen foar ferskate belangen, sa’t Landschapsbeheer Friesland dat bygelyks docht troch de kollektiven foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear te stypjen.’

Yn Fryslân rekket it wurk fan de beide organisaasjes inoar geregeld. Letterlik bygelyks op it lânskip dat Fryslân sa typearret, De Slachtedyk. De foarsitters fan Feriening It Fryske Gea en Stichting Landschapsbeheer Friesland komme hjoed 18 juny 2020 byinoar op De Slachtedyk by Boazum om by de tocht fan no ôf ‘mei-inoar op te rinnen’. No noch op 1,5 meter ôfstân, mei yngong fan 1 jannewaris 2021 as bestjoerlike ienheid.

juny 18, 2020 21:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.