Fryslân DOK ‘De oarloch fan heit en mem’

juny 25, 2020 09:17

Op Skiermûntseach filmje Thom Verheul en Ismaël Lotz fjouwer bern fan flak nei de oarloch. Yn de Fryslân DOK De oarloch fan heit en mem sykje de bern nei de ferhalen dy’t it libben fan harren âlden tekene hawwe, en dêrmei ek krassen set hawwe yn ’e eigen siel.

Frieder Schulze yn it bunkermuseum (foto: Omrop Fryslân)

Fivensantich jier nei de lette befrijing fan Skiermûntseach libbet de oarloch noch yntins yn de hollen fan bern fan nei 1945. Al binne op it lytse eilân de spoaren fan de oarloch o sa sichtber, dochs binne der noch in protte ûnbeäntwurde fragen. Dat jildt bygelyks foar Wytske, fan wa’t de mem troch it needlot troffen waard, en ek foar Yvo, soan fan in jonge Joadske ûnderdûkster. Safolle fragen ek foar Herman, soan fan in Grinslanner fersetsman. En de Dútske Frieder giet op syk nei de ferswijde oarloch fan syn heit, in hege offisier fan de Wehrmacht op it eilân.

De ferhalen
De mem fan Wytske Maris droech har libben lang de gefolgen fan in bomynslach op it âlderlik hûs. Wytske har beppe en in muoike kamen dêrby om it libben. De mem fan Wytske koe libben ûnder it pún weihelle wurde. It Joadske famke Julieke de Levie dat ûnderdûkt siet op Skier, wie de mem fan Yvo Verschoor. Yvo fynt twa skoalfreondintsjes fan syn mem werom en komt derefter dat se op it eilân har lokkichste jierren belibbe.

De heit fan Herman Kloppenborg jr. wie in fersetsman út Winschoten. Op 31 maaie 1945 gie er, ferklaaid as Kanadeesk majoar, nei Skiermûntseach om flechte SS’ers fan it eilân te heljen.
Frieder Schulze groeide op yn de DDR. Oant de fal fan de Muorre hie er gjin idee fan it Wehrmachtsferline fan syn heit Heinz. Frieder giet nei in bunker op Skiermûntseach, dêr’t er ûntdekt hoe’t syn heit Ingelske en Amerikaanske bommewerpers opspoarde en se delsjitte liet troch Dútske jachtfleantugen.

De oarloch fan heit en mem is in dokumintêre fan Thom Verheul en Ismaël Lotz. Yn ‘e dunen, yn it doarp, yn in pleats bûtenút binne bern op syk nei de oarloch fan harren heit of mem. Skiermûntseach waard pas befrijd op 11 juny 1945, as lêste stikje fan Nederlân.

Fryslân DOK: De oarloch fan heit en mem
Sneon 27 juny, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 28 juny 13.10)
Snein 28 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

juny 25, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.