Fryske Fespers op ôfstân

juny 26, 2020 18:54

Sûnt 1991 al wurdt elke fjirde snein fan de moanne in folslein Frysktalige fespersfiering hâlden yn de Waalske Tsjerke yn Ljouwert. Dat koe dizze koroanamoannen net “yn it echt”; dat as ôfsluting fan it seizoen 2019-2020 is der foar sneintejûn 28 juny in fespersfiering “op ôfstân” opnommen. Dy stiet snein fan 19.00 oere ôf online op tiny.cc.jacobijner en is ek te finen fia www.jacobijner.nl.

De foargonger is ds. Foekje-Fleur Fink fan Burgum, dy’t it ferhaal fan it tabernakel yn de woestyn yn it bibelboek Eksodus útwurket foar dizze bysûndere tiid. Yn de woestyn hawwe de Leviten in beweechlik tabernakel boud foar ûnderweis nei it Beloofde Lân. Dêr boude letter Salomo de timpel.
Nei de ferwoesting fan Jeruzalim moasten de Joaden it idee fan de fêste timpel loslitte, doe’t se ûnderweis giene nei Babel. Achterôf die bliken dat de timpel dy’t bedoeld wie om permanint te wêzen, mar tydlik wie. En de tabernakel dy’t tydlik wie, just in permaninte kracht krige foar it besef “God is rûnom!”. It earste online hillichdom? Dat stelt ús foar de fraach wêr’t wy God sykje moatte: op in fêst timpelplak of by it beweechlike tabernakel; by de ingels dy’t de wjukken nei-inoar ta bûge en dêrmei beskerming biede oan it hillichste? Om dat beweechlike timpelplak hinne waard de synagoge foarme, in mienskip om te learen en te fieren. In tapaslik bibelferhaal foar dizze bysûndere tiid!

De eigen oargelist Gerwin Hoekstra spilet trije dielen út Voluntary in d minor fan John Stanley; Jaap de Kok sjongt ûnder mear liet 742: “Ik wol Jo priizgje, boarne en skinker” en liet 802: “Oer de wrâld klinkt lûd in rop”. Klaske Straatsma fersoarget de deklamaasje fan psalm 23 út it Scottisch Psalter yn de oersetting fan Atze Bosch.

Koartsein: sneintejûn 28 juny binne Fryske Fespers te folgjen  fia: tiny.cc/jacobijner; ek tagonklik fia de webside: www.jacobijner.nl.

De earstkommende Fryske Fespers “yn it echt” sil wêze op snein 27 septimber, 19.00 oere yn de Waalske Tsjerke yn Ljouwert.

juny 26, 2020 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.