Frysk ûnderwiis op efterstân holden…
Resint ferskynd
Skôging troch Tom Dykstra
De koroanakrisis is noch mar in pear wike âld as de Onderwijsraad (it heechste advyskolleezje fan de Nederlânske oerheid) warskôget foar efterstannen fan guon learlingen yn harren skoalkarriêre. De minister tinkt ek al oan it ynsetten fan miljoenen om dat te ferhelpen, in simmerskoalle wurdt neamd. It giet dan lykwols benammen oer de ‘kearnfakken’ rekkenjen en taal (‘Nederlandse taal’ wol te ferstean). Tichterby hûs lês ik in ferslach fan in trijetalige skoalle oer hoe’t dêr no digitaal ûnderwiis jûn wurdt. Fakken as Frysk, Ingelsk en fakken lykas ierdrykskunde binne foarearst skrast. Al wer wurde rekkenjen en ‘taal’ (Hollânsk) sintraal set. It bringt my ta de fraach oft der yn ús provinsje no ek maatregels nommen wurde om te soargjen dat it firus de posysje fan it Frysk net ûnderút hellet.
Kearndoelen en learplannen
Yn in yn 2016 útkommen lanlik rapport oer ûnderwiisfernijing yn it primêr en fuortset ûnderwiis wurdt it Frysk ‘fergetten’. Dat Eindadvies Onderwijs 2032 wurdt lykwols net akseptearre troch de oerheid en in nije kommisje mei de namme Curriculum.nu pakt dy taak fierder op. It einrapport fan dy kommisje komt yn oktober 2019 ree en is oanbean foar fierdere politike beslútfoarming mei it each op nije kearndoelen. De doelen fan 2006 wurde as ferâldere beskôge. Oer it ferplichte Frysk falt neat te lêzen, want sûnt 2014 hat de provinsje Fryslân dy taak krige foar dat ûnderdiel.
Hoe stiet it der foar mei it Frysk en de eventuele nije kearndoelen Frysk? Kearndoelen jouwe foar in fakgebiet it ferplichte minimumprogramma oan, dat in skoalle oanbiede moat. Mear mei fansels ek en eltse skoalle kin dat dwaan op eigen wize. Kearndoelen binne gjin prestaasje-easken foar elts bern, mar alle bern moatte wol de kâns krije om ‘sa fier mooglik’ te kommen.
Projektgroep
Yn 2018 hat de provinsje dêrta in projektgroep oan it wurk set. Op 1 april 2019 hat de provinsje de aktiviteiten fan de groep stilset sûnder dat der in einprodukt is. De tiid is dan om en mear jild kin der net komme fanwegen Europeeske regeljouwing. De oarsaak is wierskynlik dat se net ta dúdlike kearndoelen komme koene. Dingtiid, it advysorgaan foar Fryske taal en kultuer, stelt fragen oan deputearre Poepjes en konstatearret dat it proses om te kommen ta nije kearndoelen Frysk sa efterop rint. It ymplemintaasjetrajekt rint no skea op.
Sûnt maart 2020 komt der wer beweging yn. It Cedin kriget de opdracht om foar 1 oktober 2020 boustiennen te leverjen foar nije kearndoelen Frysk. Op dit stuit binne konseptteksten te lêzen op www.kurrikulum.frl. Wat opfalt yn de útwurking, is dat it praten mei learlingen oer ‘meartaligens’ sintraal stiet. Net dúdlik wurdt hoe’t it komt mei de ynhâlden foar it Hollânsk en it Ingelsk om te kommen ta in wurkber ûnderwiisprogramma foar yntegraal taalûnderwiis mei in lykweardich plak foar it Frysk. Ek net dúdlik wurdt hokfoar resultaten oft foar it Frysk neistribbe wurde om as bern/folwoeksene goed funksjonearje te kinnen yn de Fryske mienskip.
Yn it ûntheffingsbelied fan de provinsje binne de kearndoelen fan 2006 as in karmenu de skoallen oanbean. It ferskil yn feardichheden tusken learlingen wurdt ‘oplost’ troch de skoalle ta te stean om in unifoarm programma (foar alle bern dus) oan te bieden dat ôfstimd is op it brûken fan it Frysk yn de (skoal)omjouwing. Benammen de Frysktalige bern wurde sa it slachtoffer, omdat skriftlike feardichheden dan al lang troch de skoalle skrast binne. Wy hawwe de provinsje yn 2016 net oertsjûgje kinnen fan it feit dat it pedagogysk, didaktysk en taalpolityk ferkeard is as de skoalle hast alle ferplichte kearndoelen skrasse mei ûnder it mom fan dat dy net te heljen wêze soenen. Kearndoelen binne krekt bedoeld om ûngelikensens tusken skoallen tsjin te gean. Boppedat wurdt yn sa’n ûntheffingsprogramma krekt gjin rekken holden mei de mooglikheden fan it bern. Foar gjin inkeld (oar) fak wurdt soks dien. Dat is in foarm fan diskriminaasje. Differinsjaasje bart, as it goed is, yn ’e klasse (en net op skoalnivo): elts bern hat rjocht op goed ûnderwiis passend by syn/har mooglikheden en dan kin der folle mear as wat der no dien wurdt. Sels de ûnderwiisynspeksje hat yn syn rapport fan 2019 gjin goed wurd oer foar dy profilestruktuer (mei syn karmenu om wichtige doelen falle litte te kinnen) en is fan betinken dat der op skoallen te min ambysje foar ûnderwiis yn it Frysk is. De skoallen dy’t it wol goed dogge, net tenei kommen!!
Ambysje
Wêrom is der te min ambysje by in protte skoallen dêr’t de provinsje blykber rekken mei hâlde wol?
- Lykas lanlik wurde de Fryske skoallen ôfrekkene op de resultaten foar Nederlandse Taal. Dy foar it Frysk wurde net neigien en spylje gjin rol by it oardiel oft in skoalle goed of swak is. Dat is likegoed in foarm fan diskriminaasje. As in skoalbestjoer en of in learkrêft boppedat tsjin ûnderwiis yn it Frysk is, dan leit it Frysk al gau oan it efterste oer (ferlykje it rapport ‘It is men sizzen net te dwaan’, 2018). Dy ûngelikense behanneling is de wichtichste oarsaak dat it mei it Frysk yn it ûnderwiis net eint.
- Tefolle learkrêften behearskje it Frysk net of net foldwaande. It is gjin funksje-eask lykas by it Hollânsk.
- Sûnt de wetlike ferplichting (primêr ûnderwiis 1980 en fuortset ûnderwiis 1993) is der gjin ymplemintaasjetrajekt opset om skoallen te helpen om stappen foarút te setten. It belied dat sûnt de ferplichtingsdatum fierd is, wie allinnich rjochte op it jaan fan mear tiid oan de skoallen en dat hat amper of gjin effekt hân op better ûnderwiis yn it Frysk. En dat sil net better wurde as de provinsje neffens de Bestjoersôfspraak 2019-2023 de skoallen oant 2030 nochris 10 jier de tiid jaan wol om oan de kearndoelen te foldwaan (d.w.s. om dy oan te bieden). Dat sil pas fertuten dwaan kinne as der toetsbere tuskendoelen steld wurde en op grûn dêrfan de foarútgong falide metten wurde kin, bgl. útgeande fan de 0-mjitting (begjinsituaasje) út 2018.
Stel dat de skoallen gjin ambysje hawwe om rekkenûnderwiis te jaan en dat de learkrêften sels amper rekkenje kinne. Soene de measte kearndoelen foar it fak rekkenjen dan skrast wurde of soe de ynspeksje dy skoallen as striemin beoardielje en in ferbettertrajekt oplizze?
Hokfoar kearndoelen?
De boppeneamde Cedin-wurkgroep hat de taak om foar 1 oktober boustiennen te leverjen foar in nij learplan. De SLO (Stichting Leerplan Ontwikkeling) sil dêr dan kearndoelen foar formulearje. Wurde dat dan lykweardige kearndoelen sa as earder? Of wer kearndoelen yn de foarm fan in karmenu? Wy witte net hokfoar kant oft it útgean sil. Ik haw de provinsje de fraach foarlein oft dy by de oerdracht fan de te leverjen boustiennen foar de SLO syn foech foar it fêststellen fan de kearndoelen (wetjouwing 2014) ek brûke sil, of dat wy mar ôfwachtsje moatte wat dy lanlike organisaasje derfan makket sa as dat yn 2003 ek al it gefal wie?
It komt der no op oan oft Provinsjale Steaten fan Fryslân harren earder beslút om te kommen ta lykweardigens, lykberjochtiging en rjochtsbeskerming fan it Frysk op grûn fan it rapport Fan Geunst nei Rjocht (1983) ek echtwier meitsje sil of dat de besteande systematyske ferfrjemding fan eigen taal en kultuer op grûn fan iensidich op it Hollânsk rjochte steatsnasjonalistysk tinken yn it ûnderwiis legalisearre bliuwt. In taal kin mar ien kear ferdwine.
Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje