Frysk op skoalle: wat fine de heiten en memmen der eins fan?

juny 5, 2020 12:48

Dat in protte skoallen it net sa goed dogge, is wol bekend. Undersiken fan de ûnderwiisynspeksje en hegeskoalle NHL Stenden hawwe útwizing dien dat trije op ‘e fjouwer basisskoallen en 60 persint fan ‘e middelbere skoallen de bern ûnfoldwaande feardich meitsje yn de Fryske taal. Yn 2010 konstatearre de ûnderwiisynspeksje ek al dat it mei de kwaliteit fan de taallessen op fleanen like.

Net bekend is hoe’t de heiten en memmen eins tinke oer it memmetaalûnderwiis dat harren bern krije – of pakes en beppes. Dy sjogge ommers fan deunby wat harren bern leare en oft dat genôch is of net. Aksjegroep Sis tsiis, dy’t opkomt foar goed ûnderwiis yn it Frysk, wol graach witte hoe’t hja derûnder steane en freget elkenien dy’t bern of bernsbern hat om in fragelist yn te foljen oer it plak fan it Frysk op beskate skoallen en de tefredenens dêroer.

De fragelist is te finen op it webstee fan Sis tsiis.

juny 5, 2020 12:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.