Frisian Is Important

juny 15, 2020 08:03

Troch Henk Wolf

De Fryske beweging is in fetsoenlike, rasjonele beweging, dy’t gjin dingen sloopt, net skelt, oaren harres lit, dúdlike easken stelt en dy easken kreas ûnderbout. Gjin niget, want de foaroanlju ha altyd skoalmasters, dûmnys, dokters, sjoernalisten en oare minken fan ‘e pinne west. Blykber docht soks lykwols gjin fertuten mear.

It moderne narratyf fan protestbewegingen wurket oars. It makket folle mear gebrûk fan pathos en folle minder fan ratio, it is persoanliker, Amerikaansker, it hat in oar wurdgebrûk, oare ûnderstellingen en oarsoartige antagonisten en easken.

Ik ha besocht om it Frysk yn dat narratyf te pleatsen en om dêrby deselde stylmiddels te hantearjen as moderne bewegingen.

Hjirûnder stiet myn wrakseljen, hampelich opmakke yn Word, dêr kin grif ien wat moaiers fan meitsje. It bestân is ek te besetten as [pdf].

juny 15, 2020 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.