Frâns Kuipers: Lek en brek

juny 20, 2020 08:46

Kollum

Yn myn kollum fan 18 april fan dit jier skreau ik dat in pandemy swakten bleat leit (nei oanlieding fan Trouw fan 8 april 2020). Dêr komme jo allinnich efter as it safier is. De measte oerheden hâlde dêr gjin rekken mei. Wy sitte no mei in pandemy dy’t ferneatigjend is en wêze sil, want op in twadde útbraak, dy’t yn guon lannen al it gefal is, kinne we wachtsje. Wêr’t wy no mei libje moatte is de ‘oardelmetermienskip’, mûlekapkes yn it iepenbier ferfier en oeral ûntsmettingseasken. Ik haw al in selsmakke mûlekapke, mar dêr rin ik net mei te keap.

Net berekkene
Gelokkich leart Nederlân fluch en wurdt der mei faasje wurke oan medisinen om besmetting by minsken yn te damjen of draachliker te meitsjen. Hoe dan ek, premier Mark Rutte (VVD) en minister Hugo de Jonge (CDA) dogge harren uterste best om alles te dwaan wat nedich is. Mar oft it goed genôch west jat, sil bliken dwaan nei ûndersyk fan it belied; in eask fan de Twadde Keamer. Wat moat of kin better by in folgjende útbraak?

Nimmen wie op dit firus berekkene. Dat wurdt jin aloan dúdliker as men it nijs en de praatprogramma’s folget. De measte petearen giene en geane oer tekoarten oan soarchpersoniel, beskermjende wurkklean, mûlekapkes, ensafierder. ‘Met 50% kennis moeten we voor 100% besluiten nemen’, andere Rutte withoefaak op fragen.

Minister De Jonge pakte sa’n bytsje alle driuwhout oan as hâldfêst. Hy woe sjen en hearre litte dat it kabinet alles yn ’e gaten hie en op syk wie nei de bêste oplossingen. In app op alle telefoanen soe útkomst bringe. Elkenien soe dan kontrolearje kinne oft er besmet wie en mei hokker besmette minsken er yn kontakt west hie. Big Brother is watching you. Dat wie foer foar ICT’ers, mar de app is yn stilte yn ’e see ferdwûn.

Politike stilte
It wie in aardichheid om te sjen hoe’t Keamerleden mûskestil wiene. Eangstich seagen en hearden hja nei firologen, pandemywittenskippers, ensafierder. Jaap van Dissel fan it RIVM en syn team fan saakkundigen (OMT), makken de tsjinst út. Yntinsivist Diederik Gommers en prof. dr. Ernst Kuipers fertelden saakkundich en begryplik oer wat de bêste oanpak is by dizze ramp is en wat der barre moat as it opnij ferkeard giet.

Wittenskip is foar elkenien, mar foaral foar de polityk ûnmisber. Lek en brek fan it belied kaam – en komt noch altyd – foar it ljocht. No’t it firus in lyts bytsje ûnder kontrôle is fleurje Keamerleden wer op. Sy geane gewoan wer troch mei it ‘fjochtsjen foar de buhne’, want oankomme jier binne der wer Keamerferkiezingen. Sa wurket it yn de polityk. Toaniel? It folk hat der gjin boadskip mear oan. Polityk is ferdivedaasje by praatprogramma’s foar de telefyzje en de radio. Gesellich en noflik mei in slokje, in wyntsje, in pilske, in stikje tsiis, in hânfol chips.

Goedkeap
Och, wat wiene de minsken grutsk op it wurk fan de minsken yn de saneamde ‘fitale beroppen’. Elkenien stie te hantsjeklappen. De Kening, de Keninginne en de prinsessen klapten mar raak. De hiele Twadde Keamer stie sawat te gûlen by it sjen nei it wurk fan meiwurkers yn de sûnenssoarch. Dy krigen de titel helden. Mar applaus en moaie wurden helpe net om it wurk fan sokke ‘helden’ echt te wurdearjen. No ’t it derop oan komt docht bliken dat de helte fan de Twadde Keamer tsjin in bettere beleanning fan ‘wurkers yn de fitale beroppen’ is. Beskamsum!

juny 20, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.