Foaroanman antyswartepytgroep nimt it op foar winkelslopers

juny 3, 2020 19:56

Rûnom oer de wrâld binne minsken de ôfrûne tiid oan it demonstrearjen tsjin rasisme. Yn Nederlân barde dat yn guon stêden ek. De oanlieding is de dea fan de Amerikaan George Floyd, in swarte man dy’t omkaam trochdat in plysje him in knibbel yn ‘e hals drukte wylst er op ‘e grûn lei.

Yn ‘e Feriene Steaten wurde op allegear plakken winkels fernield en leechstellen. Twa plysjes binne omkommen om’t hja der wat oan dwaan woene. Neffens guons binne de plonderings in foarm fan ferset tsjin rasisme.

Jerry Afriyie is yn Fryslân foaral bekend as de foaroanman fan Kick Out Zwarte Piet, de groep dy’t yn 2018 yn Dokkum demonstrearje woe tsjin de figuer fan Swarte Pyt as begelieder fan Sinteklaas. Afriyie wie ek behelle by de demonstraasjes tsjin rasisme yn Nederlân. Hy nimt it lykwols op foar de minsken dy’t yn ‘e Feriene Steaten plonderje. Wa’t soks plonderjen neamt, seit er, is te ferlykjen mei ien dy’t seit dat slaven net ûntsnappe, mar flechtsje.

It Twitterberjocht fan de aksjefierder dêr’t er dat yn seit, stiet hjirre:

juny 3, 2020 19:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.