FNP: mear ynsette op fakmanskip

juny 30, 2020 19:24

Sybren Posthumus: ‘In goede technikus is goud wurdich’

Fakmanskip en de ambachtsekonomy moatte in plak krije yn de nije provinsjale nota Ekonomy. De Steatefraksje fan de FNP achtet dat fan grut belang. It tekoart oan fakkundich personiel wurdt hieltyd grutter. De FNP komt moarn yn de Steaten mei in moasje om te freegjen dêr goed rekken mei te hâlden.

De fraksje stelt fêst dat ambacht en fakmanskip net eksplisyt yn de startnotysje fan it Kolleezje oer Ekonomy stiet. Lykwols dat is in hiel wichtich punt, neffens wurdfierder Sybren Posthumus: “Der is of driget yn Fryslân in grut tekoart oan fakminsken. Der binne ek al bedriuwen dy’t dêrom sels al bedriuwsskoallen hawwe. Yn 2019 joech ien op de seis bedriuwen yn Fryslân oan dat der produksjebeheiningen wiene troch in tekoart oan fakkundich personiel. Wy wolle dat de Provinsje dêr rekken mei hâldt.”

It is neffens Posthumus net allinnich fan belang dat personiel teoretyske kennis hat, mar dat it dy ek omsette kin yn de praktyk. “In goede timmerman, skilder, elektrotechnikus is goud wurdich. Troch sokke minsken op te lieden is Fryslân der aanst, as de ekonomy wer oanlûkt, klear foar. Wy freegje dêrom yn de nota by it ûnderdiel ‘Human Capital’ in eksplisyt plak te jaan oan ambachtsekonomy en fakmanskip.”

Klik hjir foar de moasje.

juny 30, 2020 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.