FNP: krekt noch de eare rêden?

juny 28, 2020 19:23

Ynstjoerd

Ek in goeie metoade foar wittenskiplik ûndersyk: tel it oantal nijs-/parseberjochten fan in partij op syn webside en gean ris nei wêr’t dy berjochten oer gean.

Dan krije jo in idee fan de ûnderwerpen dêr’t dy partij graach, en de ûnderwerpen dêr’t dy partij minder graach mei assosjearre wurdt. Handich, of net?

De partij yn kwestje is de Frysk Nasjonale Partij (FNP), de webside is de sintrale webside fan de partij en sjoen is op de side ‘Nijsoersjoch’. It ûndersyksark is it telramt en it ynterpretaasjeramt is it sûne ferstân.

De risseltaten. Dit wittenskiplik ûndersyk wiist út dat dêr yn de perioade fan 1 jannewaris oantemei hjoed 15.40 oere mear as tritich berjochten op de site set binne. Fierrewei de measte berjochten geane oer natuer- en lânskipsbeskerming, duorsumens, lânbou/stikstof, ekonomy en iepenbier ferfier.

De Grutte Ofwêzigen binne de Fryske taal en it Frysk ûnderwiis.

Underwiis yn de Fryske taal? Frysktalige kultuer? Wy moatte hielendal hielendal hielendal werom, it is in ferrekt ein bonkeljen, nei 8 jannewaris – in gjalp foarôfgeand oan in nijjiersresepsje of sokssawat – om it tinkend part fan it omsittend laach alfêst mar de bek te binen wierskynlik – oer de winsklikens om software fan de Fryske Akademy te brûken foar it ûndertiteljen fan, jawol, gemeenteriedsgearkomsten. Nou, dat hat de webside dan teminsten berikt.

Pfffff. In ‘Fryske’ partij. Ofdroege troch de tsjinstanner, mar krekt noch de eare rêden. Hjir de publykskampanje fan de FNP fan ‘t jier, oan no ta:

23 juny 2020 FNP: bettere beskerming greidefûgelpykjes en reekealtsjes troch de ynset fan drones
18 juny 2010 FNP stelt fragen oer it behâld fan beamwâlen yn Fryslân
16 juny 2020 FNP: goede farferbining Ofslútdyk-Harns
8 juny 2020 Krityk op nij ferdielsysteem jild gemeentefûns
5 juny 2020 FNP yn koroanatiid
28 maaie 2020 Iepenbiere expertmoeting Thialf op 3 juny
27 maaie 2020 Moasje stikstofbelied: FNP, CDA en VVD wolle regy provinsje en ynset op ynnovaasje en ferduorsuming
26 maaie 2020 FNP wol ‘slank’ Europabelied
19 maaie 2020 Krityk regionale partijen op OV-plannen regear
15 maaie 2020 Krityk FNP op weihâlden studinten út OV
11 maaie 2020 Skriftlike fragen oer de weingatten yn de Alddyk ûnder Anjum
30 april 2020 FNP: soarch oer behâld lânskip Noardwest-Fryslân
21 april 2020 FNP: balâns hâlde tusken natuer en rekreaasje
15 april 2020 FNP, CDA en 50PLUS: regels sinneljedder binend fêststelle
9 april 2020 FNP: yntegraal finansjeel krisispakket by provinsje
2 april 2020 FNP: wentebou Goutum net op kosten fan greidefûgels
1 april 2020 Oandacht FNP foar gefolgen krisis foar doarpshuzen en wykgebouwen
16 maart 2020 De FNP is de kommende tiid stil
11 maart 2020 FNP: foar Fryslân as reinbôgeprovinsje
11 maart 2020 FNP, CDA en 50PLUS: gjin enerzjylânskip op goede lânbougrûn
4 maart 2020 Expertmeeting 5G op oanstean fan FNP, GrienLinks en de Partij voor de Dieren
3 maart 2020 Fakatuere: kommunikaasje-adviseur
26 febrewaris 2020 Bewiislêst skea troch gas- en sâltwinning moat by bedriuwen lizze, net by de boarger
24 febrewaris 2020 FNP wol legere kosten NOM
12 febrewaris 2020 FNP en ChristenUnie: ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne
31 jannewaris 2020 Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF
29 jannewaris 2020 Fryslân yn aksje tsjin leechfleanrûte JSF
22 jannewaris 2020 Klaas Fokkinga nije deputearre FNP
20 jannewaris 2020 FNP en 50PLUS wolle faasje mei oanpak fundearringen yn feangreide
15 jannewaris 2020 FNP stelt fragen oer studintetal RUG Campus Fryslân
15 jannewaris 2020 FNP Nijjiersgearsit 2020 Hallum Noardeast-Fryslân
8 jannewaris 2020 FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten.

Oant safier it Frysk-nasjonale politike program.

Abe de Vries

juny 28, 2020 19:23
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga juny 30, 20:36

    Abe, do hast gelyk. De Fryske taal brûke sy en tinke hja dat dat genôch is. De Fryske taal dêr hawwe wy it net oer, ek net yn in bestjoer of ledegearkomsten. Dat fyn ik ek te min.

  2. Abe juny 30, 21:19

    Ik kom graach in kear om foarljochting te jaan! 🙂

  3. Johannes Rozenga july 1, 17:46

    Goeie Abe, tige tank foar dyn oanbod. Ik sil it by it bestjoer oanjaan. Faaks yn in ledegearkomste.dit jier.

  4. Tjibbe Brinkman july 7, 07:41

    De FNP-ôfdieling Achtkarspelen is it hûndert persint mei Abe de Vries iens en hat de moasjes dy’t op 2 july yn de gemeenteried oannommen binne nei alle oare FNP-ôfdielingen trochstjoerd om oan te jaan dat der noch hiel wat winst op it mêd fan it Frysk te beheljen is.
    Sjoch fierder myn ynstjoerd stik mei de taheakke moasjes fan 2 july 2020.
    Tjibbe Brinkman, FNP-riedslied Achtkarspelen

  5. Abe july 7, 12:03

    Geweldich, FNP Achtkarspelen!

  6. Klaas Aaldert van der Veen july 18, 02:25

    De FNP is al fan de oprjochting ôf de partij dy’t it meast foar it Frysk docht. As mei ferkiezingen in FNP-kandidaat yn in fraachpetear oan it wurd komt, is der altiid wol in fraach oer it Frysk by. Om echt wat foar it Frysk te betsjutten sil de FNP stimmen lûke moatte. Dat slagget net at je it allinich mar oer je plannen mei de Fryske taal en kultuer ha. Dat soe ek kiezersbedroch wêze, want de FNP hat ek in dúdlike miening oer al de oare ûnderwerpen dy’t foar de Friezen fan belang binne. Mei autonomy foar Fryslân kin je pas echt wat betsjutte foar it Frysk.

  7. Abe july 18, 19:00

    Jo ha fansels gelyk, Van der Veen. Mar tusken ‘neat’ en ‘allinnich mar’ sit in moaie eker. In twadde punt foar de oerwagings is dat beamwâlen har wol wer opkalefaterje litte as ien of oare boer de boel yllegaal oan kant dien hat. Mei it Frysk is dat in oar ferhaal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.