Flinke subsydzje fan € 30.000 foar Doarpskeamer Akkrum/Nes

juny 8, 2020 08:40

Doarpskeamer ED yn Akkrum/Nes hat in flinke subsydzje fan it Oranjefûns krige. De bydrage fan 30.000 euro is ornearre foar de keap fan it hjoeddeiske ûnderkommen oan de Lange Miente. Dat ûnderkommen is permanint en wurdt op it stuit hierd.

Doarpskeamer ED yn Akkrum (foto: Persbureau Noordoost)

“Wy binne tige bliid mei de subsydzje”, reagearret foarsitter Eelco Sixma fan de stifting Doarpskeamer ED. De oan te keapjen wente is sûnt novimber 2019 yn gebrûk en luts fan begjin ôf oan flink wat besikers. Fanwegen de koroanakrisis binne alle aktiviteiten útsteld. Earder wie de Doarpskeamer ûnderbrocht yn in te slopen wente op in oar plak yn Akkrum. Oant twa jier lyn wie der yn Akkrum/Nes gjin moetingsplak, lykas in buerthûs of doarpshûs, yn tsjinstelling ta de measte doarpen yn ’e regio. It ferlet wie grut, sizze de inisjatyfnimmers. Hja namen yn 2018 stappen om in eigen doarpskeamer yn te rjochtsjen.

Sosjale inisjativen as yn Akkrum wurde troch it Oranjefûns fan herten stipe, seit in wurdfierder. It ôfrûne jier stipe it fûns mei 31 miljoen euro sa’n 9.300 inisjativen dy’t derfoar soargje dat minsken inoar moetsje, minder iensum binne, begryip foarinoar krije en har ynsette foar in oar. Op syn bar kriget it Oranjefûns jild fan ûnder oare de Nasjonale Postkoadelotterij, De Lotto en troch Freonen en bedriuwen. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne sûnt de oprjochting it beskermpear fan it Oranjefûns.

“De Doarpskeamer wol graach in moetingsplak foar elkenien wêze, foar jong en âld, minsken út alle kultueren, ryk en earm”, fertelt foarsitter Eelco Sixma. Yn gearwurking mei oare maatskiplik aktive groepearringen wol de Doarpskeamer in bydrage leverje oan in duorsume mienskip yn beide doarpen. De frijwilligers dogge alles op non-profitbasis. Foar it fuortbestean fan de aktiviteiten fynt de stifting oankeap fan it nije ûnderkommen in betingst. It doel is om binnen in jier genôch finansjele middels te krijen. De flinke finansjele bydrage fan it Oranjefûns, mei subsydzjes fan it Rabobank Stimulearringsfûns, de gemeente IIt Hearrenfean, Wenningkorporaasje Elkien, Help Nederland Vooruit fan de ING en oaren, liket dat helber.

As it projekt slagget, wol it bestjoer fan de stifting graach mear aktiviteiten ûndernimme, lykas it útwreidzjen en mear ynhâld jaan oan de ynringearkomsten, ruilbeurzen, in senioarekafee, in sosjaal ytkafee, wurkateliers en edukative aktiviteiten. “Wy wolle graach in ‘doarpsmienskip’ stimulearje. De doarpskeamer moat in moetingsplak wurde foar, fan en troch de ynwenners fan Akkrum/Nes. Yn ’e mande mei sosjale en kulturele organisaasjes moat it nije hûs in mearwearde hawwe mei in dekkend palet oan foarsjennings.

De kontinuïteit fan it projekt is boarge troch de stipe fan in protte organisaasjes en net yn it lêste plak troch dy fan Pleatslik Belang. Op grûn fan de ûntwikkelingen oant no ta en de kontakten en gearwurking mei oare ynstânsjes en organisaasjes, dy’t op termyn fierder foarm krije sille, is it bestjoer fan miening dat de Doarpskeamer allinnich mar mear yn in ferlet foarsjen sil, seit foarsitter Sixma.

juny 8, 2020 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.