Fjouwer nije aventoeren fan Tomke

juny 1, 2020 09:02

By de Afûk binne fjouwer nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes. De boekjes binne los te keap yn de boekhannel óf mei-inoar yn in fleurige kartonnen ferpakking.
En spesjaal foor alle Bildtse kines is ‘t boeky út de nije Tomke-sery, Tomke en de bijen, ók in ’t Bildts te krijen!

Ofbylding: Afûk

Yn Tomke en de bijen is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.

Yn Tomke op fakânsje it it simmer. Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Se ride nei de camping. Dêr is fan alles te sjen en te dwaan. Mar it moaiste is fansels it sliepen yn in echte tinte…

Yn Tomke nei de bosk is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hûs moai mei fersiere! Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?

Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelet wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?

It Tomke-projekt is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten yn it Frysk. It projekt wol âlden en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes dwaan en omtinken jaan oan de deistige dingen binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Sjoch ek op www.tomke.frl foar mear ynformaasje oer it Tomke-projekt.

juny 1, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.