‘Fjoertoer yn it wâld’ is de nije dichtbondel fan Arjan Hut

juny 16, 2020 08:52 Fernijd

De presintaasje fan de nije dichtbondel fan de Ljouwerter skriuwer en dichter Arjan Hut (Drachten 1976) wie ferline wike freed 12 juny ûnderdiel fan in sfearfolle, útferkochte en tige slagge ‘sneak peek Fryske poëzy’ yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Hut dielde dêr it poadium mei Elmar Kuiper en Sigrid Kingma, dy’t ek foardroegen út nij wurk. Fjoertoer yn it wâld is de fyfde bondel fan Arjan Hut en is ferskynd by útjouwerij Afûk.

Arjan Hut (foto: Lucas Kemper)

ljocht waarmer as fjoer,
ljocht yn it ljocht,
ljocht dat fielt dat wy besteane,
ljocht dêr’t we yn wenje kinne
Fjoertoer yn it wâld

In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op, yn alderhanne foarmen. Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan Caravaggio yn ‘Midsimmer moardzjen’.

Arjan Hut oer syn nije bondel
“Sjonger/skriuwer Mark Kozelek kaam nei Ljouwert ta yn it Kulturele Haadstêdjier 2018, krekt as in soad oare keunstners en talleaze toeristen. Ik gie nei Malta. Dêr gie it geroft dat ik pas foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam! Dizze ûntdekkingen, nije kontakten, ûnderfiningen wjerklinke yn Fjoertoer yn it wâld.”

juny 16, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.