Fiering 75 jier befrijing Skiermûntseach streekrjocht op Omrop Fryslân
Resint ferskynd
Skiermûntseach wie it lêste stikje Nederlân dat befrijd waard fan de Dútsers. Pas op 11 juny 1945 stapten de 600 Dútske soldaten op ‘e boat nei Zoutkamp. Wat der op Skier barde en hoe’t it kaam dat it eilân sa let befrijd waard, wurdt ferteld yn in spesjale telefyzjeútstjoering by Omrop Fryslân.
De provinsje Fryslân wol de befrijing fan Skiermûntseach betinke. Omdat der troch de koroanamaatregels gjin grut evenemint mei in protte minsken mooglik is, is der yn stee dêrfan in telefyzjeútstjoering mei gasten en livemuzyk.
De útstjoering is op tongersdei 11 juny tusken 15.30 oere en 17.00 oere op Omrop Fryslân, streekrjocht by De Koaipleats wei. De werhelling is te sjen om 21.00 oere. Op tongersdei 11 juny om 21.00 oere en snein 14 juny om 21.00 oere wurdt it programma nochris werhelle.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje