Fierdere stappen foar duorsum treinferfier

juny 30, 2020 19:47

WINK (foto Arriva)

De provinsjes Fryslân en Grinslân begjinne in proef om de noardlike treinen fierder duorsum te meitsjen. Twa besteande treinen fan Arriva ride fan septimber 2020 ôf op biodisel. As dat technysk, finansjeel en operasjoneel goed útpakt, kinne de oare treinen dy skjinnere brânstof ek brûke.

De oergong fan gewoane disel nei biodisel (Hydrotreated Vegetable Oil, HVO) soarget foar in fermindering oant 89 persint fan de CO2-útstjit. Dat slút oan by de winsk fan Provinsjale Steaten om foar de treinen duorsume stappen te setten. It giet om in proef fan twa jier.

Yn desimber fan dit jier giet in nij kontrakt yn tusken de twa provinsjes en ferfierder Arriva Nederlân. Arriva rydt ek de kommende fyftjin jier mei treinen yn Fryslân en Grins. Wichtige ôfspraken binne fernijing fan de hjoeddeistige fyftich treinen (GTW’s) en útwreiding mei achttjin nije treinen (WINK’s). Dy WINK’s ride fan maitiid 2021 ôf. Se hawwe ûnder oare batterijen om enerzjy op te slaan dy’t by it remjen frijkomt en se ride op skjinnere disel. De GTW’s brûke no noch gewoane disel, mar as de proef slagget, skeakelje dy alle fyftich ek oer op skjinnere disel.

De earste twa GTW-treinen binne al ‘refurbished’ (fernijd). De read-wite bûtenkant is blaugrien makke. It ynterieur is ek modernisearre. Reizgers hawwe dat útsocht. Der komme bygelyks klaptafels, mooglikheden om laptops en mobile telefoans op te laden en stiltekûpees.

juny 30, 2020 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.