Fernijing fak skiednis: jeugd hoecht Willem Drees net mear te kennen

juny 22, 2020 13:36

Willem Drees (foto: Spaarnestad Photo, CC BY-SA 3.0 nl)

Jonge minsken hoege net mear te witten wa’t Willem Drees wie. Floris de fyfde en de santjinde-iuwske útwreiding fan Amsterdam mei syn grêften binne ek net mear kanonyk. Dat is de fyzje fan in kommisje fan histoarisy dy’t in nije skiedniskanon fêststeld hat foar it ûnderwiis yn Nederlân.

In kanon is yn dit ferbân in list fan dingen dy’t alle minsken hearre te witten. Elk fakgebiet hat in eigen kanon fan saken dy’t alle minsken yn dat fakgebiet witte moatte. Der binne ek maatskiplike kanons: listen fan dingen dy’t jo as ûntwikkele minske witte moatte om meiprate te kinnen.

Yn 2006 hat in groep skiedkundigen ûnder de titel Canon van Nederland in boek skreaun dêr’t yn stiet wat neffens harren elkenien yn Nederlân fan ‘e skiednis heart te witten. Drees, Floris de fyfde en de Amsterdamske grêften stiene dêryn.

De nije kommisje is it net iens mei de kar fan de âlde en hat saken út de kanon skrast en der oaren yn set. Neffens de kommisje ûnder lieding fan James Kennedy stiene der te min froulju yn en wie der te min omtinken foar dekolonisaasje. Maria fan Boergondië en Marga Klompé binne der dêrom yn kommen, lykas de Surinaamske ûnôfhinklikheidsbeweger Anton de Kom. Fierders binne Kennedy en harren fan betinken dat de âlde kanon te bot oer de Rânestêd gie. De Brabânske skilder Jeroen Bosch en de Limburchske minen binne dêrom tafoege.

Kennedy is net fan betinken dat kanons lang itselde bliuwe. “De maatschappelijke ontwikkelingen gaan razendsnel”, seit er. Hy pleitet der dêrom foar en pas de kanon alle tsien jier oan.

juny 22, 2020 13:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer juny 27, 13:42

    Willem Drees mei net út de kanon skrapt wurden.
    Ik fiel yn it skrappen fan him in bytsje, it ofbrekjen wollen fan ‘e fersorchingssteat troch nij rjochts. En in moochlik ofskafjen , privatisearjen of net leefbaar meitsjen fan ‘e A.O.W.
    Dy saken binne wictich en dêrom is Willem Drees dat ek. Dizze dagen wurdt alinne noch oer pensioen praat en gjin wurd oer A.O.W.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.