Ferbrede fyzje op sûne grûn

juny 25, 2020 10:50

Foar de provinsje Fryslân bestiet it omtinken foar sûne grûn net allinnich út it sanearjen fan fersmoarge grûn, mar ek út it ynvestearjen yn de biologyske en fysyske aspekten fan de grûn. Dat gehiel set de provinsje de kommende fjouwer jier op yn.

It lanlik konvenant Bodem en ondergrond rint fan ’t jier ôf. Yn dat konvenant binne foar de perioade 2016-2020 ôfspraken makke oer de oanpak fan fersmoarge lokaasjes mei risiko’s foar fersprieding en ekology. De doelen fan grûnsanearring en behear fan grûnfersmoarging binne fierhinne helle.

Op it stuit meitsje it ministearje fan I&W, IPO, VNG en UvW fernijde grûnôfspraken foar de kommende perioade. It útgongspunt is om troch te gean mei it ynvestearjen yn grûnkwaliteit. De provinsje Fryslân makke, yn oerienstimming mei dy ôfspraken, in grûnbelied foar de perioade 2021-2024. Foar 2021 moat de list mei grûnprojekten klear wêze. In grûnprojekt dat al ûnder hannen is, is it projekt grûnferbettering feangreidegebiet yn Koufurderrige.

De oanlieding foar de ferbreding fan it belied is it maatskiplik besef dat in goede sûnens fan de grûn in wichtige betingst is. De aktualiteit oangeande PFAS stiet elkenien noch by. Foar oare opjeften lykas klimaatadaptaasje, lânbou, bioferskaat, feangreide, wetter en enerzjy is in sûne grûn fan grut belang. Deputearre Douwe Hoogland: “In breed grûnbelied is needsaaklik om dy opjeften mei-inoar te ferbinen. Sa kin bygelyks in goede oanpak fan it Feangreidegebiet net sûnder each foar de grûn.”

Yn it bestegingsplan fan it grûnbudzjet binne ek kosten foar it programma stikstof foar 2021 opnommen. De ynvestearring yn it grûnbelied fan de provinsje Fryslân is mooglik troch it earder útkearde Ryksjild beskikber te hâlden. De provinsjale bydrage bedraacht 7 miljoen euro. Ynklusyf Ryksmiddels foar stikstofmaatregels komt dat del op 9,4 miljoen euro foar de kommende fjouwer jier.

juny 25, 2020 10:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.